dagboek > overzicht
Dagboek jannewary 2016Bekiek hele maand 
 
31 jannewary om 17:18
 
De harksifers fan Omrop Fryslân sitte yn de lift





Omrop Fryslân Radio is sűnt de twadde helte fan foarich jier wer fierwei merklieder yn Fryslân. Yn de earste helte fan 2015 kaam de Omrop mei in nije radioprogrammearring. De harksifers binne dęrnei sűnt july hieltyd fierder omheechgien.

Omrop Fryslân is de iennichste regionale stjoerder mei groeiende harksifers yn de perioade novimber/desimber. Nettsjinsteande de konkurrinsje fan de Top 2000 fan Radio 2, ‘het Glazen Huis’ fan 3FM en Sky Radio ‘The Christmas Station’ yn desimber bleau Omrop Fryslân Radio mei in merkoandiel fan 16,5 persint in kręftige merklieder yn Fryslân. Sűnt Omrop Fryslân yn maart de nije radioprogrammearring trochfierde binne de harksifers yn novimber/desimber foar de fiifde kear op rige omheechgien yn de mjittingen.

Haadredakteur Klaas Geert Bakker: ‘’Ik bin tige bliid mei ús radiosifers fan de lęste moannen. Omrop Fryslân sit dúdlik yn de lift. De nije radioprogrammearring dęr’t wy mei ús allen alle dagen hiel hurd oan wurkje, slacht dúdlik oan by it publyk. Dat is prachtich, want dęr dogge je it dochs foar.’’

De wurdearring foar de radioprogrammearring komt ek ta utering yn it gemiddelde rapportsifer dat it publyk oan de radioprogramma’s jout: in 7,5.