|
|
23 júny om 14:12 |
|
Omrop Fryslân goed beharke bij moarnsbrochje
Kiek dat binne berichten węr't ik fleurech fan wurd! Sú ut ok yts met bining te maken hewwe/! Wete wat der onder ut fňlk leeft?! Ik deel dit berichte trouwens graach:
Minsken sette de radio graach op Omrop Fryslân. Dat docht bliken út de nijste harksifers nei de lęste mjitting fan it NLO, it Nationaal Luister Onderzoek. Benammen de harksifers fan it moarnsprogramma 'Fryslân fan 'e moarn' binne bot omheechgien. It merkoandiel fan it programma mei presintator Jacob Stelwagen is yn in jier tiid ferdűbele. Oer it generaal hat de Omrop mei in merkoandiel fan hast 20 persint syn posysje as merklieder yn Fryslân fierder ferstevige.
Neffens Jacob Stelwagen komt de stiging by 'Fryslân fan 'e moarn' foaral troch it nije format dat in jier ferlyn yngien is. "Earst wie it in nijsprogramma en net mear as dat. No soe ik sizze dat it in moarnsprogramma mei romte foar wichtich nijs is. Dat is krekt in wat oare ynstek, dy’t om in oare toan freget en better yn dizze tiid past." Mar der binne mear feroaringen. "Der is in kwis en dus mear ynteraksje mei de harkers. Dat jout in oare, lossere sfear. Ek is der minder sprake fan werhellingen fan items en dogge wy safolle mooglik live.
Der is mear fariaasje yn űnderwerpen, dat komt ek troch de kollumnisten en Meunsternimmers, de 'mediawatchers' fan it programma. Dy komme faak mei űnderwerpen dęr’t oars neat mei dien wurdt. Eins kinst sizze dat it programma dynamysker wurden is en dat krekt dy ekstra dynamyk goed wurket", sa seit Stelwagen.
|
|