dagboek > overzicht
Dagboek desember 2016Bekiek hele maand 
 
18 desember om 22:02
 
Gerrit Breteler en Peter van der Zwaag & Piety van der Veer







Gerrit Breteler - Lit ús dęrom drinke

Foar alles is in oere,
foar alles is in tiid.
Alles giet nei 't selde plak,
mei as sűnder striid.
Der is in tiid fan laitsjen
en dy tiid is samar om.
In tiid om te fergriemen.
Dy krijst’ nea wer werom.

Alles is sa brekber.
Alles űnfolslein.
Tűzen wurden sprutsen
en dęr is neat mei sein.

Tútsje mei de műle,
want leafde is as wyn.
Dyn treast en ek dyn pine,
der earne tusken yn.

Lűd balte de dwazen,
want har wierheid makket frij.
Mar wat al te maklik wűn is,
is like gau wer wei.

Lit ús dęrom drinke,
want de dei lűkt nei de jűn.
En de leafde wurdt grif earder,
as de wierheid fűn.

In libben sűnder wiisheid
is in libben sűnder ljocht.
In libben sűnder leafde
is in libben om ’e nocht.

Lit ús dęrom tinke,
no't it winter wurdt en kâld.
Lit ús dęrom drinke,
foar wat frede yn ’e wrâld.

Alles is sa brekber.
Alles űnfolslein.
Tűzen wurden sprutsen
en dęr is neat mei sein.

Treastigje mei wurden,
kear de kâlde wyn.
Hoedzje ús foar fallen,
tsjin better witten yn.