dagboek > overzicht
Dagboek maart 2004Bekiek hele maand 
 
31 maart om 22:03
  De skriëver/dichter Anne Hellinga is overleden. Fandaach ston ut bericht in de LC. Ut syn dichtbundel 'myn hús stiet wol op moude' (Friese Pers, 1979) sitear ik ut fňlgende fers. As I.M.

oertinking

heul starich
wurdt it tinken wei
hwant alles
komt ús langer oer
en alles
giet oan ús foarby

sa wiis
kinst mei de minsken węze
sa bliid
mei sinne rein en wyn
dat libjen
inkeld mar bestiet

romte yn 'e lea
en
skjinnens yn it hert
makket tosken
wyt fan 't leitsjen
makket hannen
waerm fan 't jaen

heul starich
wurdt it tinken wei
hwant alles
komt ús langer oer
en alles
giet oan ús foarby

Anne Helling (1931-2004)