dagboek > overzicht
Dagboek november 2020Bekiek hele maand 
 
19 november om 19:11
 
We strűpe derűnder





Ut leven bestaat foar mij op dit moment út interviewe, skriëve en leze. Uteraard ok genoech bewege. Twee kear in de week minstens 5 km drave. Mňrrenfroech wear. Lees nou ut boek We strűpe derűnder fan Gjalt de Groot. Ik wil de man ok nňch interview foar de Friesland Post. Is un earsteklas ferteller.

We strűpe derűnder

As by’t hjerst de fűle súdwesterstoarmen it wetter út it marregebiet nei de Lege Midden fan Fryslân opwaaide en it om Grou, Warten en Earnewâld hinne heger en heger kaam, dan waard it ien grutte striid om boppe te bliuwen. It bűtenwetter rűn oer de polderdykjes en de binnenkrytsjes drigen fol te rinnen.

Gjalt de Groot, fjildman en folksskriuwer, opgroeid yn dat wetterlân, skriuwt oer dy striid en oer it libben fan de minsken dy’t dęr fier efterôf wennen op harren buorkerijen mei legendaryske nammen as Luctor et Emergo, Laban, Cuba, Werklust (18-męd) en de Koaipleats. En fansels oer Sytze en Maaike. Allegear steeën dęr’t men allinne mei de boat komme koe.

Gjalt fertelt yn dizze roman op in meinimmende wize oer it libben fan Jeen en Anne dy’t troch fűleindich arbeidzjen, moed en striid boer wurde op de Koaipleats. Mar ek oer it libben fan meanders en űngetiders op de Wyldlannen, de molkfarder as űnmisbere skeakel mei de bewenne wrâld, de breafiskers. Harren hurde striid om in skraal bestean yn dat sompige diel fan Fryslân, ‘De Âlde Feanen’.