dagboek > overzicht
Dagboek november 2006Bekiek hele maand 
 
27 november om 18:47
  Tryater in Sneek

Donderdach anstaande komt Tryater naar Sneek. Dęr sal ik ok naar toe. Ik roep hierbij al myn webloglezers op, utselde te doën. Ut sal de laaste kear weze dat Tryater in ut alouwe Amicitia-gebou an ut Leeuwenburg speule sal. Ik hoop werklek op un folle bak! Dęrom nou al reklame foar Tryater. Siën ferder www.tryater.nl
Hierbij al fast de infňrmasy over ut stuk:

Geastlike skets oer lyts minslik drama

Bertus Schweigmann sit yn de WAO mar hy is űnmisber as koster, as redakteur fan it fuotbalkrantsje en as Sinteklaas. Syn frou Anny stipet him sa goed se kin. As der in nije dűmny komt fielt Bertus him der hiel ferantwurdlik foar. Dűmny Wind blykt in âldere net troude frou te węzen. It is har earste gemeente: sy is in lette ropping.
Anny oriďntearret har op har eigen mooglikheden. Sy fynt wurk, en dęrmei sjocht sy űnferwachte perspektiven. Sa binne der ynienen waarme gefoelens foar de nije dűmny. As de nije dűmny en sy fereale wurde, lit sy der fan komme wat der fan komme moat. Bertus fielt hoe’t him de grűn űnder de fuotten weisakket. Hy moat fierder sűnder baan, sűnder frou, it doarp liket him te skouderjen. Yn dizze tastân kin hy net mear Sinteklaas węze, fynt er; en dat spyt him noch wol it meast.

Lette Ropping is skreaun troch Bouke Oldenhof nei oanlieding fan in kranteartikel oer in koster, dy't midden yn de mienskip stiet, waans wrâld as in kaartehűs ynelkoar stoart as er in nije froulike dűmny yn it doarp komt. Hy fielt hoe't alles him by de hannen omt ôf brekt. Syn frou lit him sitte foar de dűmny. En úteinlik kin hy ek net mear foar Sinteklaas spylje, wat er al tritich jier mei leafde die…

TEKST BOUKE OLDENHOF
REGY ANNY VAN HOOF
SPILERS ALY BRUINSMA, MARIJKE GEERTSMA EN JOOP WITTERMANS

Fandaach un normale werkdach op skoal had, úteraard met un hearleke fergadering as toetje! Sal dęrom earst mar even un blokje om. Un halfuur per dach bewege nou?!




Donderdach 30 november: Tryater met ' Lette Ropping ' in Sneek