dagboek > overzicht
Dagboek febrewary 2007Bekiek hele maand 
 
15 febrewary om 13:56
  Ut tema fan de Fryske Boekewiken is dit jaar Bergen fersette. Koos Tiemersma het ut Boekewikegeskink 2007 skreven. Janny Bottema, se werkt foar myn gefoël al eeuwen bij Stichting It Fryske Boek mar nňch immer laaiend entűsiast, stuurt mij un heel soad persinfňrmasy over wat der allemaal gebeuren gaat fanou 24 febrewary. Hier ut persbericht over Tiemersma syn boek en ferdere aktiviteiten in ferbaan met de kommende Boekewiken:

Frysk Boekewikegeskink 2007: Mind Games

Koos Tiemersma hat yn opdracht fan de Stichting It Fryske Boek it Boekewikegeskink foar 2007 skreaun. Dat boek, mei de titel Mind Games, fertelling fan in kaartehűs, stiet yn de Fryske Boekewiken fan 24 febrewaris oant en mei 11 maart sintraal. It geskink is in útjefte fan de Friese Pers Boekerij yn gearwurking mei de Stichting It Fryske Boek en wurdt oanbean op it Frysk Boekefeest op 24 febrewaris yn Post Plaza te Ljouwert.

De titel fan it boek: Mind Games, slacht op in sjongtekst fan Beatle John Lennon. Koos Tiemersma skreau in ferhaal oer de Fryske berchbeklimmer Age Roda dy’t in herttransplantaasje űndergiet. Under de operaasje ferlit er it lichem en belibbet er in wűnderbaarlik aventoer dat fia in sikehűs yn Boston, in finzenis fan Massachusetts en in woeste autotocht troch Frankryk útrint op de beklimming fan de Eiger, in berch yn de Alpen. Beatle John Lennon spilet in wichtige rol by it wol of net slagjen fan de missy fan Roda op dy reis: frede op ierde. It tema fan de Fryske Boekewiken 2007: Bergen fersette, is keazen nei oanlieding fan it Boekewikegeskink.
Tiemersma is bekend fan de romans De Ljedder, dęr ‘t er de earste Rink van der Velde-priis mei wűn, De Mjitte en It liet fan de Ibis. Yn de Fryske Boekewiken fersoarget hy yn gearwurking mei trűbadoer Ernst Langhout en musikus Johan Keus in literęr program: Persilwyt en Tovaread 2. Op ferskate plakken yn de provinsje fertelt er oer en út Mind Games, mar ek it oare wurk fan de skriuwer komt oan ‘e oarder. Langhout en Keus litte foar it grutste part muzyk hearre fan harren cd’s Dylan yn it Frysk I en II.
Oare literęre programs wurde fersoarge troch: Durk van der Ploeg yn gearwurking mei sjonger Gerrit Breteler en pianist Jelke Koolstra, Doete Venema mei sjongeres Jannie Geertsma en pianist Pieter Jelle van der Laan, Wieke de Haan mei it a-kapellekoar Vink, Marga Claus en de muzikanten Bauke van der Woude, Campbell Forbes en John Eskes en in program fan Mindert Wijnstra mei de muzykgroep Willehúske.





Omslach fan Mind games