dagboek > overzicht
Dagboek desember 2007Bekiek hele maand 
 
21 desember om 12:15
  Onderstaande persbericht krij ik krekt binnen!


Parseberjocht
Farsk / Hjir

Redaksjewiksel en gearwurking yn 2008
Nij fúzjeblêd út Literêre Tydskriften Farsk.nl en Hjir

Foar 2008 tekenet him in drastyske fernijing ôf yn it lânskip fan Literêre Tydskriften yn Fryslân.


( Ljouwert, freed 21 desimber 2007)


De redaksjes fan it papieren tydskrift Hjir en farsk.nl ha besletten op redaksjoneel mêd gear te wurkjen en yn te setten op in fúzje, ta ien nij literêr blêd. Ferskining derfan
- ûnder in hiele nije namme - krijt yn 2009 syn beslach.

2008 wurdt in oergongsjier wêryn’t beide blêden trochgean as wenst, mar de redaksjes gearwurkjend al by inoar oanskowe. It bêste fan de twa no besteande tydskriften moat fierder ûntwikkele en útboud wurde ta in nije formule, fan in multimediaal en ynteraktyf Frysk literêr blêd, mei in professioneel budzjet. Op ynternet én op papier; fertroud as boek, mar ek mei alle nije digitale foarmen dy’t it ynternet opsmite kin.

Redaksjewiziging

Haadredakteur Ytsje Hoekstra ferlit om persoanlike redenen nei twaënheal jier per
1-1-2008 de redaksje fan Farsk. Sy is entûsiast oer it kommende fúzjetrajekt en wat dit oan nije mooglikheden opsmyt foar de literatuer yn Fryslân en Fryske skriuwers, mar hat oanjûn dat sy it redaksjewurk net goed mear kombinearje kin mei de drokte fan har gesin, de eigen skriuwambysjes en har baan yn it ûnderwiis.
Ut Hjir wei sille no Sytse Jansma, Sito Wijngaarden en -as haadredakteur- Piter Boersma meidraaie yn de redaksje Farsk. Oarsom sille IJsbrand van den Berg, Edwin de Groot en Inge Heslinga datselde dwaan by Hjir.

Budget en organisaasje

Yn 2008 sille beide blêden noch ôfsûnderlik draaie op de al earder takinde budzjetten, út subsydzjes fan provinsje Fryslân en it NLPVF. Fûnsenwerving foar de nije plannen is yn hannen fan de stichtingen Hispel (útjouwer fan Hjir) en Farsk (útjouwer www.farsk.nl), dy’t únleinlik ek oergean sille yn ien stichting.
Beide tydskriften binne yn petear mei útjouwerij Friese Pers Boekerij, dy ‘t belangstelling hat as útjouwer fan it nije blêd.

Ekstra ynformaasje:

Hjir (sûnt 1971) ferskynt 6 x per jier, mei in 7e nûmer as Rely Jorritsma-special, foar likernôch 300 abonnees en losse ferkeap (€ 5,-) Hjir wurdt no útjûn troch de Stichting Hispel.

Farsk (sûnt 2003) ferskynt elke 14 dagen fergees op ynternet. It bêste út in hiele rispinge fan in jiergong digitale Farsk ferskynt dernei yn in papieren Jierboek (€10,-)
It nijste nûmer # 106 ferskynt hjoed en komt om 18.00 oere online op farsk.nl
Nei in koarte krystfakansje/winterstop sil # 107 ferskine op freed 18 jannewaris 2008,
as it earste produkt fan de nije dûbelredaksje.

De redaksje fan Farsk bestiet no út: IJsbrand van den Berg, Edwin de Groot, Inge Heslinga en Ytsje Hoekstra (oant 1 jannewaris 2008).
De redaksje fan Hjir bestiet no út: Greet Andringa, Piter Boersma, Sytse Jansma, Jelma Knol, Jacobus Q. Smink, Janneke Spoelstra en Sito Wijngaarden.