|
|
7 febrewary om 17:24 |
|
Riek Landman skriëft Boekewikegeskink 2008
Elk jaar wurde de Fryske Boekewiken opent met ut Friese Boekefeest. Op dat feest komme auteurs, útgevers en boekhandelaars en anderen út de Friese literęre weareld bij elkaar. Ik krij ok altyd un útnoadiging. Dat stel ik op pries, mar ik bin de laaste jaren nyt mear op de feestjes fan Stichting It Fryske Boek weest. Dat leit mear an mijself as an de organisatoren fan dizze literęr-kulturele bijéénkomsten. Meastal sien je op dy feestjes, dy't eigenlek noait écht feestjes wurde wille, deselde koppen. Hoogtepunt fan It Frysk Boekefeest is de útreiking fan It Boekewikegeskink. Dit jaar is dat kadoatsje deur stadgenoate Riek Landman skreven. Ut was wat stil om Riek, mar dat sal de kommende weken wel anders wurde. Der is altyd un soad ' pee er ' om ut boekegeskenk. Ik gun Riek ut súkses, su as ik eigenlek ideréén syn súk6 gun. Węrom ok nyt?! Hierbij alle info dy't ik kregen hew over ut feest.
Boekefeest
De Fryske Boekewiken sette op sneon 23 febrewaris útein mei it Boekefeest yn it atrium fan it Frysk Natuermuseum te Ljouwert. Yn it program tusken 20.30 en 21.30 oere wurdt űnder oare it Boekewikegeskink Fammen fan Gaasterlân, skreaun troch Riek Landman, oanbean. Fierder binne der optredens fan Melvin van Eldik, Wiepkje Castelein, Roerend Goed, Mindert Wijnstra en Jaap Mulder. Nei ôfrin is der tiid foar it besjen fan in lytse útstalling oer it eardere fakânsjekamp Sondel, om efkes nei te praten by in hapke en in drankje en te dűnsjen op muzyk fan Herman Peenstra (akkordeon) en Marcel Jongsma(fioele).
Boekewikegeskink
Yn de Fryske Boekewiken stiet it Boekewikegeskink Fammen fan Gaasterlân, skreaun troch Riek Landman, sintraal. Koarte ynhâld: It ferhaal spilet yn it eardere bunkerkamp fan Sondel. By de ôfbraak fan de bunkers yn novimber 2003 wurdt der troch de mannen fan it slopersbedriuw in wűnderbaarlike fynst dien. Tal fan fakânsjegongers út Fryslân en fiere omkriten ha yn de tiid nei de oarloch harren skoalwiken en famylje-útsjes trochbrocht yn it bunkerkamp. De minsken ieten meielkoar yn de grutte kantine, hâlden bűnte jűnen en giene op nachtkuiers. Mannichien hat dęr goede oantinkens oan oerhâlden, ek diene gâns minsken der in faam of feint op. Guon fan dy minsken komme werom nei dat stee, as de bunkers ferwurden binne ta ien grutte binde fan stienpún en útstekkend stiel fan de bewapening yn it beton. De skiednis fan de eardere radarpost en de oantinkens fan de meiwurkers oan destiids wurde wer aktueel as bliken docht dat him yn it kamp mear ôfspile hat as allinne fakânsje, lekker iten en feest.
Sneekse Riek Landman skriëft Frysk Boekewikegeskink 2008 |
|