dagboek > overzicht
Dagboek april 2008Bekiek hele maand 
 
11 april om 17:49
  Feest

De AFUK geeft un seary boeken út onder de titel ‘ Dat wie doe sa ’. Nadat ik earder de boeken Skoalle en Beroppen kreech, brocht de pňst mij fanmňrren deel dry: FEEST. De boeken sien der stuk foar stuk prachtech moai út. Ok dit laast ferskynde deeltsje is der kwa lay-out en tekst ééntsje om op te freten. Op de omslachfoto is un oranjekoek met Fries kręmflagje te sien. In ut boek fraaie foto’s en hele leesbare teksten. Ut mut foar de skriëfsters Akky van der Veer & Baukje Wytsma un feest weze om dizze boeken te maken. Der is ok un spesjale website fan de seary: www.datwiedoesa.nl. Dęr fine jim alle infňrmasy over de seary. Ik hew ter illústrasy één fan de ferhalen fan dizze site ouhaald. Ut ferhaal is skreven deur frou L. Fokkema en staat in FEEST. Hierbij:

Ferkearing en trouwe

It is fan alle tiden, jonges en famkes dy’t elkoar sykje en fereale wurde. Ek wol sein dy’t ‘verliefd’ binne. Dochs hat wol elke tiid syn gewoanten. Eartiids fregen de jonges de famkes en nea oarsom. Wol is der somtiden troch de âlders in famke foar de soan útsocht en ek wol in jonge foar in famke. Dat barde net iepenlik mar troch de âlders waard wat organisearre dęr’t de jongelju fan de selde stân elkoar moeten. Dat barde faak by de adel, want sy soenen net űnder de stân trouwe. By boerefamyljes waard der ek wol koppele. Dat waard net rjochtút sein, mar sa kwânskwiis sei heit dan: ‘Fan ‘e wike seach ik dy dochter fan boer Minnema, in kreas fanke en se wie sa freonlik, ik leau net dat se ferkearing hat.’ En wylst seach er syn soan oan. Dat Minnema flink wat kowerútsjes hie sei er net, mar spile wol mei.
Hoewol ’t it sprekwurd seit dat men it bęste hynder op ’e stal fynt, gienen de jongelju ek doedestiids op stap. Yn’t earstoan net sa fier fuort want fytsen wienen der doedestiids net sa folle. Letter is dat wol feroare fansels. Earst sochten se yn it eigen doarp. Foaral sneintemiddeis wienen der kloften jongelju op ’e dyk. Yn Minnertsgea wie dat by Moaie Peal, yn Berltsum op ’e Bitgumerdyk. Yn Feankleaster op ’e Keningswei en yn Koatstertille kuieren se by de bręge. Yn de Westerein wie it sneintejűns drok op ’e Stasjonsstrjitte. En yn Burgum wie de Legewei it plak dęr’t de jongelju op sneintemiddei elkoar opsochten. Yn Eastermar kuieren de jongelju by de bręge.
As in jonge skruten wie om in famke rjochtstreeks te freegjen, skreau er in brief of in aansichtkaart. As it famke net op syn oansyk yn gie krige hy in ôfskriuwer. Nijjiersdei stjoerden de jonges en famkes elkoar printbriefkaarten. As de postsegel der skeef of op ’e kop opplakt wie, hie dat in betsjutting. Ek wie der wol de oanwizing z.o.p. (zie onder de postzegel), mei in boadskip: ‘Ik denk aan jou’ mei in letter of de namme fan de jonge of famke. Dan wisten se wol hoe let oft it wie. Fierder troffen se elkoar op Keninginnefeesten (31 augustus), it Sindingsfeest yn Feankleaster, meetings fan jongfeinte- of fammeferienigings yn Ljouwert, útfieringen fan in muzykkorps yn in gebou, mar ek wol by in muzyktinte. Ek op ’e merke binne der in soad oan ’e faam of feint rekke. En dan de brulloften. ’t Is net foar neat dat it sprekwurd seit: ‘fan brulloft komt brulloft.’ Om 1900 hinne gie it sa. Yn it skoft strűpten de jongelju nei bűten. Dan gienen se yn ’e Govert. Se makken in rűne kring en sleepten in jonge dy’t net al te dryst wie yn ’e kring. Hy moast yn it midden stean. Dęrnei begűnen se allegear yn de rűnte te dűnsjen en songen dit âlde ferske:

Hier hew wij de Govert van dezen dans.
Ik zeg je lieve Govert, steek uit je rechterhand.

De jonge moast in famke kieze en dy by him yn ’e kring helje. Dan gie it sjongen troch.

Is dat jou lieve Janneke, is dat jou hoogste goed?
Ik wensch dat gij het meisje, geen overspel andoet.
Kom geef haar dan een kusje, vlak voor haar rooden mond.
Den eenen moet gij kiezen, den anderen weer verliezen.
Al naar jou eigen zin, dou er út en ik er in.

Om 1945/1950 hinne wie der dit ferske:

Rosa, Rosa bloemen op je hoed.
Alle mooie meisjes zijn zo zoet.
Rosa wil je kiezen, kiezen jawel.

Dan moast de jonge in famke kieze en kaam it famke by de jonge yn de kring. Dęrnei dűnsen se allegear wer yn de rűnte en songen se it ferske noch ris.
Mei in lűd gejoel waard der tute en wiksele fan jonge en famke. Dat gie in hiel skoft troch en soms wie it it begjin fan in ferkearing.





Sneek

Ut sú miskyn wel aardech weze om op papier fast te lęgen hoe't de frijerij en su in oans stad ging. Dat échte Snekers ut onder de Waterpoart doën, is fanself groate flauwekul. Snekers doën ut op ut Ouwe Fan Dagen Bankje in ut Wilhelminapark nou?! Mar hoe sat dat met dy heen en wear loperij over ut Oasterdyk? Binne dęr Sneker babyboomers, ňf nňch ouwere inwoaners, dy't dęr over fertelle wille? En hoe ging dy feestfierderij hier in Sneek tidens de aprildagen fan 1945? Sú ik hier bęst andacht an bestede wille. Wie syn ferhalen kwyt wil, mach se mij wel maile!