dagboek > overzicht
Dagboek júly 2008Bekiek hele maand 
 
21 júly om 19:54
  Thúskommen is moaier as futgaan





Nou su! En ik bin wear thús! Ut moaie fan ut futwezen is anders wel dat je minsen dy’t je nyt kenne en dy’t je ferrassende ferhalen fertelle teugenkomme. De oulopen week fertelden minsen mij sumar ferhalen, nou ja sumar. Ik lurk se út as un oud wief. Tefeul om hier allemaal op te skrieven. Ik beperk mij tňt twee ferhalen fan:

Jelle





Proffoetballers binne eigenwize minkúkels, met un bitsje ferstaan. Un klisjee en ok groate onsin fanself. Foarige week woënsdachavend om un uur ňf half seuven sat ik in ut bubbelbad fan ut lúkse hotel dęr’t ik ferbleef. Sumar inenen sat ie naast mij in de tobbe te brobbelen. Un jonge met un rossech prúkje haar. Un tatoo op’e arm. Ik hou nyt fan tatoes, nou ja dy fan Popeye fyn’k wel aardech. Ik herkende um futdaleks: Jelle! Jelle ten Rouwelaar, keeper fan NAC út Breda. Keeper dy’t se altyd in ut Abe Lenstra Stadion bejúbele met un “ Jelle is een Súperfries! ”. Nyt 1 kear, nee wel dúzend kear. Logys dat myn openingssin dan ok was ‘So Súperfries!’ Jelle begon futdaleks te lachen en hield op met syn Hollaanspraterij teugen syn foetbalmaatsjes dy’t ondertussen ok in ut bubbelbad saten te brobbelen. “ Hé Friezen! ” “ Ja, Snekers!” sei ik. En toen praten Jelle en ik foar ut faderlaan wech. Earst nyt over ut foetballen, mar over Jelle syn fader dy’t feulste froech overleden was. Gelukkech had ie Jelle nňch útblinken sien in ut NAC-stadion. “ De minsken fan NAC hawwe him as in forst űntfangen, alles hawwe se dien om it him nei’t sin te meitsje. Geweldige minsken dęr yn Breda. It libben is dęr sowieso Bourgondys, ik fiel mij der thús. NAC is in hiele waarme klup.” ‘Dus do bliuwst?’ “ Myn kontrakt rint nei dit jier ôf en ik bin fansels net gek. Ik hâld alles goed yn’e gaten. Ik wit ek hoe’t de saken der bij Heerenveen foar stean.” ‘Do wolst nei Heerenveen?’ “ Fansels wol ik dat. Ik kom fan de Joure. Al earder woe ik nei Heerenveen ta, mar doe stie ik noch űnder kontrakt by PSV. En dy hiene oare plannen mei mij.” ‘ Wol ferrekte sneu datsto altyd fan dy kutwedstriden keepst tsjin Heerenveen…’ “ No dat is net hielendal wier, ik haw dit jier wol aardich tsjin Heerenveen keept.” ‘Hast in prima jier hân.’
“ Ja, it wie foarich seizoen gewoan fantastys. Ik haw 16 wedstriden de nul holden. Soks makkest net gau wer mei.” ‘ Dus do wolst nei Heerenveen?’ “ At dy kans in foardwaan soe, dan siz ik net fan nee!” ‘ Fynst dat jim in swier berop ha?’ “ Ik haw in prachtleven. Moarns om healwei njoggenen op de klup węze, bytsje trene, wedstriden spylje en ik noch in bęst lean. Hearst my net klagen. Dit kinst toch gjin wurkjen neame? Wat dochsto?” ‘ Ik jou les oan moeilik opfoedbare jeugd en ik skriuw foar tydskriften en kranten.’ “ Bist sjoernalist??? ” ‘Soms, mar no eefkes net. Hé Jelle ik gean út bad. In soad súkses dit seizoen. Ik sil dy noch better yn de gaten hâlde!’ Hooplek doët Heerenveen dat ok!!!

en...Sietse





Frijdach in Alkmaar. Toeristiser kan hast nyt. Op’e Keesmerk lope kearels met fleurech kleurde hoëdsjes in smetteloas wit. Ik hew ut al feul faker sien, mar ut bliëft un fassinearend skouspel. Teugenover de eeuwenouwe Waach staat Sietse foar syn kraam. Sietse Wiersma, boersesoan út Fryslaan, dy’t keunstskilder wurde is.’ Fijnschilderen is mijn passie ’, seit Sietse teugen un frou dy’t syn werk fan alle kanten besiet. Overboadech om te sęgen, dat kan ideréén sien. Wat un fleurige kňp het Sietse. ‘Bist family fan Ids?’ “ Nee, mar ik ken syn wurk fansels wol. Der binne mear minsken dy’t mij dat freegje. Bist hjir op fakânsje?” ‘No fakânsje, un paar dagen búten de deur je.’ Ut gesprek gaat los. Jelle komt fan Achlum. Hat graach futdaleks fan de keunst leve willen, mar wurdde op anstaan fan syn heit reklametekenaar en etaleur. Begon syn loopbaan bij Peek & Cloppenburg in Liwwarden, mar in syn frije tiid skilderde Jelle klein paneeltsjes en ferkocht dy met un soad súkses op keunstmerken in Noard- Hollaan. De paneeltsjes binne nou de hele weareld over te besien. “ Ik haw ris in skoftlang in grutte globe yn myn kreamke hân en haw doe byholden węr’t myn keapers en opdrachtjouwers weikamen. Op it lęst stiene Oeral op de wrâld kopspjeldsjes!”

Syn werk sit grňfol met nostalgy. ‘ De sfear fan syn geboartegroan, fermengd mei de liefde foar alles wat ferganklek is’, su wurde syn paneeltsjes omskreven. Sietse woant in Oudkarspel, dęr het y un galery en atelier. “ Meist wolris del komme! ” Oké doën ik! Mňrren mear over un week búten de deur. Dan over poëzy en su.