|
|
23 desember om 12:20 |
|
Fandaach en mňrren nňch…
Dan gaan de gemeentehúzen fan de fijf ousonderleke gemeenten in SWF dicht en is ut met de selfstandechhyd deen. In Wymbrits, se wete dęr beslist wat feestfieren is, sach ut personeel tegare met Piter Wilkens teruch op’e ‘ goeie ouwe tiid ’. Oulopen dinsdach wurdde der met de singer/songwriter un heuse CD opnommen. Hieronder ut ouskeidliet fan de Wymbritsers:
Ofskiedsliet fan Wymbritseradiel
Do bliuwst my altyd by, myn Wymbritseradiel ek al geane wy no op yn in grutter gehiel weemoedich sjoch’k werom op in moaie tiid mar it makket my ek grutsk, krigel en bliid
Węr stienen sy sa noed foar ús Fryske taal en gie der ea in lift mei’t bestjoer oan’e haal wie alles like eigen, fertroud en tichtby is boargemaster bręgewipper ek al hat er frij
Refrein
Us reis mei dy, Wymbrits, is noch lang net oer wy begjinne no mei dy in nij aventoer dyn namme klinkt no oars, mar like fol fan rom en ek yn dit nij ferbân fynst dyn aard werom
By de sintrale baly fan’t gemeentehűs barde altyd wol wat, ferhalen by de rűs en wa wűn ea in priis foar har freonlikheid? ja, do waardst dęr altyd holpen, dat is in feit
Ik wit noch goed fan Guus, ús gemeentehűn dy hie op kommunikaasje syn plakje fűn soks is apart, hjir is’t gewoan hy waard sels troch de froulju noch bot bedoarn
Refrein:
Us reis mei dy, Wymbrits, is noch lang net oer wy begjinne no mei dy in nij aventoer dyn namme klinkt no oars, mar like fol fan rom en ek yn dit nij ferbân fynst dyn aard werom
Węr is it lân sa wiid en de lju sa mei-inoar ien węr is de loft sa blau en it gers sa grien der is gjin streek yn Fryslân dęr’t ik mear fan h’t ik mear fan hâld dit is foar my it moaiste hoekje fan de wrâld
Refrein
Us reis mei dy, Wymbrits, is noch lang net oer wy begjinne no mei dy in nij aventoer dyn namme klinkt no oars, mar like fol fan rom en ek yn dit nij ferbân fynst dyn aard werom
|
|