|  | 
				
				
					|  | 10 mei om 17:39 | 
				
					|  | Belofte maakt skuld...
 
 Sloege soe ek mar hy stoar earder! Fanou 7 mei elke dach un Frystalech fers op dizze site beloofde ik. Ut is ondertussen 10 mei mar nňch gyn Frystalech fers sien. Mea Culpa. Ik begin nou, met un titelfers út de bundel Neigeraden it Noarden fan Eppie Dam.
 
 
 
 
  
 NEIGERADEN IT NOARDEN- De Oare útjouwerij Eanske 2004
 
 
 
 Neigeraden it noarden
 
 
 Neigeraden it noarden wint de taal oan
 űntkenning en promket yn lippetsjinst
 oan it hillich net-neamen de műle yn n-en.
 Neigeraden it noarden krimpe de wurden
 en ręde har nauwerneed út it neakene
 strôtgat de stribbige fonemen fan de begearte.
 Neigeraden it noarden klinke nasaler de nammen
 en swije om'e leave frede de nachten, offere
 op it alter fan'e tonge it hert.
 Neigeraden it noarden lűkt it bloed
 nei de einder en nadert it eachweid
 it each, fan nimmenslân de stille nomade.
 Neigeraden it noarden komt in fűgel werom
 fan syn flecht, bespegelt in man
 syn ferline en stapt út syn skaad wei
 syn natuer yn'e mjitte, neigeraden
 it noarden fierder fan syn doel
 en tichter by syn bestimming.
 
 
 
 | 
				
					|  |