dagboek > overzicht
Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
15 mei om 18:13
 
Bennie & Corinne bij de Sneekologen






Dat ut prachtavenden binne at wij met de Sneekologen bijéénkomme is foar al dy minsen dy't ut metmake al lang gyn geheim mear. Gisteravend fňrmde gyn útsondering op dy regel, sterker nňch ut was bearegesellech bij oans kulturele avend, fersňrgd deur Bennie Huisman & Corinne Staal. Dit skrieft Bennie Huisman over de avend op syn site:


" Sneon 14 maaie

Snits. Dęr haw ik ek wol wat persoanlike ‘roots’. Reisdoel fan ‘boatsjejongens’ út It Feen, Snitswike. Letter ha ‘k der krap 10 jier foar de klasse stien. Lykas yn omtrint alle grutte fryske stędden moat it Frysk as sprek- & kultuertaal it twadde plak diele mei it ‘Stads’. Dat hjir lykwols tige op ‘e kaart stiet, net yn it minst troch Henk van der Veer, stadsdichter. Spilet alle jierren in haadrol yn de kursus Snekology, in soarte fan oriëntaasje op de skiednis & it karakter fan Snits, mei it Snekers as fiertaal. Der is al in wachtlist foar en it gegeven dat alle jűnen in tige noflike neisit ha, sil dęr ek in rol yn spylje. Mar it oanbeane programma, dat Henk ús even útleit, is tige nijsgjirrich en yntinsyf. Oan de muorre fan it lokaal De Cingelsociëteit fan ‘Butler Paul Ruiter’ hinget ek noch in poster fan it Sneker filmfestival, dęr’t ik ek in nei mear smeitsjend jűntsje fan meimeitsje mocht. Allegear bewizen fan in groeiend kultureel libben yn in
plak, dat altyd as in sportstęd sjoen waard. Ik fertel dizze jűn yn it ‘stads’, dęr’t ik yn it Feen en letter yn Ljouwert ek wol wat fan meikrigen ha. Mar lietsjes & boekfragminten binne yn it frysk en der wurdt tige oandachtich harke. Mei’t myn programma ek noch 2 lietsje yn it ‘stads’ hat, de stadsdichter himself oek noch wat út sien nostalgies rippertwaar opdiënt & Paul elkenien bedjert mei de goede gaven des levens, is de sfear geweldich. Net yn it lęste plak troch Corinne Staal, dy’t wer prachtich piano spilet yn ‘e stęd dęr ‘t se berne & opgroeid is."


Hore jum ut ok us fan ander! Harm Rozenberg maakte de foto's en op syn site staat ok nňch un moai filmke fan één fan Bennie syn nummers.