dagboek > overzicht
Dagboek maart 2013Bekiek hele maand 
 
25 maart om 20:02
 
Geart Bos, Stichting Opkikker & Clinic Clowns





Geart Bos, út Skarnegoutum, wie kent um nyt, sturrde mij de onderstaande mail. 'Of ik ek eefkes reklame meitsje woe woe foar Stichting de Opkikker en Clinic Clowns'. Ik weet fan Geart syn family en achtergronnen, dat ik weiger syn fersoek nyt. Hierbij:

" In muzikale opkikker foar de Opkikker & Clinic Clowns.

Op sneon 13 april organisearje wy yn doarpshûs ELIM yn Skearnegoutum in benefyt muzykjûn mei as doel stichting De Opkikker en Clinic Clowns finansjele stipe te jaan as help by harren moaie en tankbere frijwilligerswurk. Beide organisaasjes ha as doel húshâldings fan bern dy’t lange tiid siik binne en/as gjin hege libbensferwachting ha in ûnferjitlike dei of wike-ein te besoargjen sadat hja harren soargen foar dat skoft efkes ferjitte kinne. Yn it tiidrek fan de twa en in heal jier duorjende slimme sykte fan ús bernsbern Douwina en nei har ferstjerren op sân jierrige leeftyd yn maart 2010 ha û.o. dizze beide stichtingen harren hieltiten wer op ‘e nij ynspant om it libben foar de húshâlding fan ús soan Bauke in bytsje draachliker en oangenamer te meitsjen. Dit middels ferwen-dagen, prinsesse-dagen mei Douwina as lytse prinsesse mar ek mei it ynfoljen fan spesjale winsken dêr’t wy en it gesin fan ús dochter ek yn belutsen waarden.

Nettsjinsteande dat se aardich oan ‘e wei timmerje, is it wurk fan de Opkikker net echt bekend is myn ûnderfining. Neist it niisneamde bin ik ek mei de Opkikker yn ‘e kunde kaam trochdat wy mei ús Shantykoar de Brûskoppen sûnt 2009 meiwurkje oan de Piratendei fan de Opkikker yn Aldegea S.

Hjir wurde alle jierren sa’n 50 famyljes mei harren bern fermakke mei de help fan in lytse 200 frijwilligers. Hjirûnder binne ek de frijwilligers fan Clinic Clowns, skippers en bemanningen fan omtrint 15 skûtsjes, in tal preammen, plysje boaten en wit ik wat der noch mear fard of oars meiwurket op sa’n dei.

Mei dizze wittenskip ha ik it inisjatyf naam in muzikale aksje op tou te setten foar finansjele stipe foar dit tankbere wurk. Mei it Tsjochfestival ferline jier yn Wommels kaam ik op dit idee, dêr wiene ek in protte bern as dielnimmer en publyk en doe realisearre ik my dat der ek bern binne dy’t soks nea meimeitsje sille as kinne. Douwina wie ek sa’n dûnsjend en sjongend famke.

Troch allerhanne omstannichheden wie it der lykwols noch net fan kaam en set troch. Doe ‘t ik it der by tafal oer hie mei de foarsitter fan ús doarpshûs, Sietse Holtrop waard dy fuort entûsjast. Underwilens ha ik de beskikking krigen oer it folsleine doarpshûs mei trije sealen en de tasizzing dat it doarpshûs bestjoer meihelpe wol by de pr, de organisaasje en wat der noch mear dien wurde moat. Ien en al entûsjasme dus en allegearre om ’e nocht, it komt my suver wat oer ’t mot.

Bliuwt foarearst oer dat der muzikanten komme moatte dy’t folslein om ‘e nocht meiwurkje wolle mei in optreden, fariearjend fan 25 oan 45 minuten, oan dit Opkikkerfestival op sneon 13 april. Tankberens en ien as twa konsumpsjes is de iennichste beleaning. PA wurdt foar soarge. Mar no de rest noch. Dêrom doch ik op dizze wize in berop op Fryske artysten, trûbadoers, duo’s, (shanty en folk)koaren en groepen om harren op te jaan foar dizze bysûndere muzikale aksje foar finansjele stipe fan stichting de Opkikker en CliniClowns.
Ynformaasje oer de beide stichtingen is te finen op www.opkikker.nl en www.cliniclowns.nl.

Opjefte graach sa gau mooglik op geart.bos@gmail.com, of tel. 0515-416753 / 0645483378.

Freonlike groetnis.

Geart Bos "