dagboek > overzicht
Dagboek mei 2015Bekiek hele maand 
 
30 mei om 17:46
 
Meiwurkers Omrop Fryslân: de Omrop moat selsstannich bliuwe





De meiwurkers fan Omrop Fryslân wolle dat de Omrop selsstannich bliuwt. Se binne it net iens mei it plan fan de direkteuren fan de regionale omroppen, om op te gean yn in kluster. Dat litte se witte yn in iepen brief oan alle ynwenners fan Fryslân. De Omrop soe ien bedriuw wurde mei RTV Noord en RTV Drenthe, mar neffens it klusterplan fan de direkteuren bliuwe de redaksjes selsstannich.

De meiwurkers binne der benaud foar dat dit it begjin fan de ein is fan in selsstannige omrop en dat aanst in bestjoerder fan bűten Fryslân it foar it sizzen krijt.

En dy soe om organisatoaryske redenen beslute kinne dat de Omrop ophâlde moat mei guon programma's of ferslaggen fan yn Fryslân belangrike eveneminten. Uteinlik soe selfs de Fryske taal by Omrop Fryslân ferdwine kinne. It plan is neffens it omroppersoniel ek yn striid mei Europeeske ôfspraken, dy't sizze dat Fryslân rjocht hat op in autonome eigen omrop.

Dit is de brief:

Fryslân kin net sűnder selsstannige omrop.


Omrop Fryslân sil opgean yn ien grutte regionale omroporganisaasje foar Noard-Nederlân. Dat alteast is it plan dat de direksjes fan alle regionale omroppen yn ús lân betocht ha en oanbean ha oan steatssekretaris Dekker.
De meiwurkers fan Omrop Fryslân binne it net iens mei dizze plannen en meitsje har grutte soargen. Wy fine dat de omrop hoe dan ek folslein űnôfhinklik bliuwe moat yn de takomst. Neffens de direksjes soe ús redaksje selsstannich bliuwe kinne, mar wy tinke dat dizze űntjouwing it begjin fan de ein fan ús autonomy is, en de folgjende stappen - it fierder opjaan fan ynhâldlike eigen sizzenskip - no gau fierder om de hoeke komme sille.

Ien fan de belangrykste redenen foar de oprjochting yn 1988 fan in selsstannich Radio Fryslân wie om ús eigen Fryske taal brűke te kinnen en ús eigen Fryske kultuer op de bęst mooglike manier foar it fuotljocht bringe te kinnen, mei in eigen stjoerder. Al hast tritich jier bringt de Omrop dat Frysk en dy kultuer by jo thús yn de keamer. It skűtsjesilen, de alvestędetochten, kulturele eveneminten, dokumintęres, skoaltelevyzje, aktueel nijs en ferdivedaasje, allegear yn it Frysk of in Fryske streektaal.

Omrop Fryslân is de iennichste publike omrop dy't útstjoert yn de twadde rykstaal, it Frysk. Fryslân hat neffens Europeeske ferdragen rjocht op in autonome, eigen omrop. It fúzjeplan is yn striid mei dizze ferdragen.

It plan fan de direkteuren fan de regionale omroppen jout net de garânsje dat Omrop Fryslân syn posysje as fertsjintwurdiger fan de Fryske kultuer hâldt. De plannen kinne as konsekwinsje ha dat in bestjoerder fan bűten ús provinsje om organisatoaryske redenen beslút dat we ophâlde moatte mei guon programma's of ferslaggen fan yn Fryslân belangrike eveneminten. En úteinlik soe om deselde reden sels de Fryske taal einigje kinne mei in plakje yn de marzje fan sa'n organisaasje.

Dat is wat wy as meiwurkers perfoarst net wolle. Wy slute ús eagen net foar de realiteit - der moat besunige wurde en der komme in soad űntwikkelings op ús ôf. Dęrom is it goed om gear te wurkjen mei oaren, bygelyks mei oare sjoernalistike partijen yn Fryslân, mar ek mei bedriuwen bűten Fryslân. Mar lit dat altyd gebeure op basis fan frijwilligens, sadat wy altyd selsstannich beslute kinne wat goed is foar Omrop Fryslân; wat úteinlik in űnôfhinklike parse yn ús provinsje garandearret.

Wy binne bliid mei alle reaksjes fan minsken, organisaasjes en partijen dy't it mei ús iens binne, en skouder oan skouder mei ús stride wolle foar it behâld en fierder fersterkjen en ferbetterjen fan in selsstannich Omrop Fryslân, dat selsbewust en fol fjoer en faasje de takomst yn kin. Omrop Fryslân is fan ús allegear mei elkoar en wat ús oanbelanget moat dat sa bliuwe!
De meiwurkers fan Omrop Fryslân.