dagboek > overzicht
Dagboek maart 2006Bekiek hele maand 
 
20 maart om 07:39
  Tňch wel un bysondere dach fandaach. Jikke Ozinga-van der Horst wurdde 100 jaar leden geboaren in de Hommerts. Sybe Sybesma skreef oait dit fers foar har. Gyn foto's fandaach, de beelden sitte in 'e kňp!

Foar Jikke Ozinga te Snits


Gastfrijens

Der stiet ien stjerre yn’e nacht
en hâldt oer al it libben wacht;
in bidler kloppet soms oan doarren,
hjir wurdt er noege sűnder klacht.

Soms hat men wurden, oer en wer,
’t giet net om jild, mar hjir of dęr
wiene der persoanlike dingen,
dy’t rane yn’ t ljocht fan dizze stjer!

Tankberens is in frjemd fertoan
fan dűns en eachopslach, mar moarn
is der wat oars wer oan’ e oarder:
in freonehân, wolkom en skoan.

Eigentlik komt it hjirop del:
it libben bliuwt kommer en kwel,
lykwols is der in protte blidens
yn’t wrakseljen; himel of hel?
Op ierde moat men jin bewize,
it tsjuster falt, de dagen rize
en stjitte alle doarren iepen, mar
yn’e himel meie minsken gnize…