dagboek > overzicht
Dagboek april 2006Bekiek hele maand 
 
11 april om 16:41
  In ut foarjaar fan 1990 publisearde ik un antal artikels over ut ferset in de straatnamen in Sneek. Omdat der ok un straat naar de Dames Masselink fernoemd wurdde, skreef ik ok over dizze twee frouwen. Apart dat se de Dames Masselink noemt wurde, ommers Frânske was dan wel troud met un Masselink, har suster Jitske Reitsma bleef har hele leven frijgesel. Om mear over dizze beide frouwen út ut ferset wete te kommen las ik toendertiid feul achtergroaninfòrmasy. Mar ik ging ok bij fersetsmênsen op besoek om hun ferhalen op te tekenen. Su kwam ik ok bij de inmiddels overleden plisyman Piet Hofing. Hij was ok betrokken bij ut ferset in Sneek. Hofing fertelde mij o.a. dit. " Tante Frânskje wie in 'moeder Israëls', en ik kom yn novimber 1944 mei de beide dames yn kontakt. Der gong 'waardichheid', gesach, fan dizze froulju út. Se koene in soad ferdrage. Se hiene in folsleine ynset foar alles. Tante Frânskje wie as in mem foar de jonges. As wy by harren binnendoarren wiene, hiene wy ek echt it gefoel dat wy ' binnen ' wiene. Bûtendoar wie wol druk, dêr net."

"It sil om Goedfreed 1945 hinne west ha. Myn broer Chris, sit dy middeis by muzikus Gerrit Schuil. De famylje Schuil wennet foar de dames Masselink oer. Hy sjocht hoe't de SD it hûs binnen giet. Eefkes letter komme se wer nei bûten, se nimme tante Frânskje mei. Tant Jitske kon op it lêste momint ûntkomme. De famylje Van der Kallen 'skuort' har yn 'e hûs."

"Tante Frânskje wurdt yn de gefangenis oan de Kleine Kerkstraat ferheard. Se kinne blykber te min bewizen tsjin har fine. Dêr siten wy trouwens wol oer yn. Yn in jildkistke siet ûnder op'e boaiem in plattegrûn fan de gefangenis en noch oare wichtige papieren. De SD fynt lykwols neat, de papieren pasten 'presiis'. De flessen drank dy't se fine en oansprekke sille ek wol net yn ús neidiel west hawwe yn ferbân mei it ûndersyk. Letter hawwe wy der noch hiel wat ' belastend materiaal ' weihelle. Tante Frânskje wurdt wol oant de befrijing fêstholden, mar is goed behannele."

De dames hewwe na de befrijing nòch un skòft de winkel an de Suupmerk 10 had. Op 23 augustus 1955 komt Frânskje te overlijden, en Jitske overleed op 13 september 1966. Beiden lêge begraven op de Alegemene Begraafplaats fan Sneek.

Ut sú miskien un goëd ding weze om un publikasy út te brengen met de biografieën fan al dy Sneker fersetsmênsen. In elk gefal un boekje fan dy mannen en frouwen wêr't un straatnaam naar fernoemd is. Of is dat boekje der al?



De Suupmerk, foto komt fan de site fan ' Grootzand.nl '