dagboek > overzicht
Dagboek júny 2018Bekiek hele maand 
 
21 júny om 14:52
 
De Vitae fan Freark fan Hallum troch Klaas Bruinsma





Hallum- Freed 6 july is de presintaasje fan it boek Freark fan Hallum, oarspronklik yn it Latyn skreaun troch kanunnik Sibrandus Leo (1528-1583) en no streekrjocht fan it Latyn oersetten yn it Frysk troch Klaas Bruinsma (1931).

It boek beskriuwt it libben fan earwearde pater Frederik van Hallum (1125-1175) de stichter en de earste abt fan it kleaster Mariëngaarde, de tún fan de Hillige Maria, sa’t er it kleaster neamde by de stichting yn 1163. Freark wie der abt fan 1163 oan’t 1175.
Yn 1575 hat Sibrandus Leo fan it Promonstratenzer-kleaster (orde fan Prémontré) fan Mariëndal te Lidlum by Tsjummearum yn de Vitae Fretherici it libben fan Freark beskreaun. Dit is as in wűnder bewarre bleaun by de reformaasje fan 1580.

Klaas Bruinsma hat mear as 30 titels oersetten út ferskate talen sa as it Gryksks, Latyn, Midflaamsk, Spaansk, mar ek Midnederlânsk nei it Frysk. Under oare de trije trageedzjes fan Sofoklęs: Filoktętęs, Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos, węrmei hy yn 1993 de Obe Postmapriis wűn. Yn 2007 űntfong Bruinsma de Sulveren Anjer fan it lanlik Prins Bernardfonds.

Utjouwerij DeRyp fan de Gerben Rypma Stifting út Blauhús is troch Klaas Bruinsma frege Freark fan Hallum yn boekfoarm út te jaan en de presintaasje yn Hallum plakfine te litten.

Elkenien is freed 6 july 15.00 oere wolkom yn de Sint Maartentsjerke fan Hallum. Bruinsma sil sels oan it wurd, der is myzyk en in koarte lęzing oer de betsjutting fan Freark foar Hallum.