|
|
15 september om 15:11 |
|
Bigband Cue skittert yn Tommy!
Oardeldei nei de premičre fan de Frysktalige Rockopera Tommy op ‘e Jouwer bliuwt bij mij it múzikale part fan de jűn noch it meast oanwęzich. Sűnder alle oare akteurs, professionals en amateurs, tekoart te dwaan. De múzyk fan meinamme de bigband Cue, wie formidabel! Tommy, baseare op de Broadway-musical fan The Who’s Tommy fan Pete Townsend & Des McANuff hoecht amper yntroduksy.
Kontsjes even ynskowe
Wat fantastys dat der minsken binne dy’t har dream wier meitsje, ik doel op Rudolf Valkema en Rieneke de Haan, en set sa’n mega múzykspektakel del. Mear as 1200 minsken ( ‘kontsjes even ynskowe, dan moat it passé…’) en dęrmei folslein útferkocht, wurde meinommen yn it spektakelstik. Op it foartterein steane de flipperkasten, foar it poadium steane de flipperkasten, oeral binne de flipperkasten. Net sa frjemd, want it giet oer de net kroande Flipperkening Tommy!
Kin dat, Tommy yn it Frysk? ‘Nee’, sei in maat fan mij, krekt sa obserdeard troch de wrâldferneamde rockopera as de inisjatyfnimmers. Ik bin it net mei myn maat iens, hielendal net nei’t ik de Frysktalige Tommy meimakke ha. Der wie niks mis mei it Frysk fan dizze Tommy, it rekket it hert bij mij as Snitser miskyn noch wol mear as it Ingels.
Aktualiteit
Hiel sterk fűn ik de aktualisearing fan de Fryske Tommy, it ferhaal is nei it no ta helle. De Twadde Wrâldoarloch is de fergetten (?) oarloch fan Bosnië. It item pedofily ( ik kin noch net begripe dat in mem bliid is dat har swager frijsprutsen wurdt fan de oantaasting fan har eigen soan…). It pesten op skoalle ( it swakke ferwar fan de skoaljuf dy’t seit ‘dat búten ús sicht kinne wy net sjen dat der bern pesten wurde’. ). De burokrasy yn soarchlân. Rieneke de Haan, skriuwt yn it programmaboekje ( węrom yn it Hollâns?) dat se it oan it públyk oer lit of dizze Frysktalige Tommy in boadskip hat: ‘Sjoch nei links, sjoch nei rjochts…sjoch elkoar’ ‘Dit is wa wy binne’ ‘De wrâld, de minsken, it is hjir!’
Boadskip
Ik doch myn boadskippen yn de supermerk. Goed toaniel of literatuer hat gjin eksplisyt boadskip. Lokkich binne yn dizze Tommy ek gjin boadskippefamkes en jonges oanwęzich. Wat ik ek hiel sterk fűn oan dizze Tommy, wie it dűnsjen. Yndrukwekkend Raymond Guzman ( choreografy) en dűnsers Douwe Oosterhof, Jarno Spijker en Ida Haagsma. Jim joegen Tommy wat ekstra’s!
En dan it dekor, mei de grutte byldskermen oan wjerskant fan it spylterrein: ferrassend en modern, in absolúte mearwearde. Mar węrom springt dy kat hieltyd yn’e planten? Węr is dat in metafoar foar?
At ik de haadrolspilers allinne mar neame soe, doch ik al dy oaren tekoart. Ik doch dat dan ek net, troch de ynbring fan profs giet it nivo fan amateurs sűndermis omheech. Ik doch net oan dat flauwe gedoch fan stjerkes jaan, ik skriuw allinne mar dat ik in prachtige jűn belibbe haw.
Sjapo foar al dy frijwilligers! Jim hawwe mij sjoen en oanrekke! tHENKs!!
|
|