|
|
24 september om 16:03 |
|
De Bonsterkes op ̓e Terp
Ljouwert- Berne-aksjeboek 2018, skreaun troch Hanneke de Jong en prachtich yllustrearre troch Linda de Haan. Joery en Nine Bonsma binne krekt ferhuze. Fan de stęd nei in doarp. No wenje se mei heit en mem nęst pake en beppe. Allegearre Bonsterkes op ’e terp! Foar de bern is it earst wol wennen. Nine hat al gau in freondintsje, mar Joery wol ek sa graach in boartersmaat ha. Soe dat slagje mei syn nije avensearskuon?
Freegje heit, mem, pake of beppe mar gau om foar te lęzen. Of miskien kinst it sels! It berne-aksjeboek is de hiele moanne oktober te keap foar mar € 4,95.
Boekpresintaasje
De boekpresintaasje fynt plak op sneon 29 septimber fan 15.00 – 16.00 oere yn paviljoen MeM yn de Prinsetún yn Ljouwert. Hanneke de Jong en Linda de Haan spylje dan de foarstelling “De Bonsterkes op ̓e Terp”. De earste eksimplaren wurde útrikt oan sân “lytse Bonsterkes”.
By de presintaasje wurdt ek de winner bekend makke fan de Heit & Mem vlogwedstriid : “Wa is dyn bęste freon en węrom?”. Elkenien is fan herte wolkom. De tagong is fergees.
Boekgegevens
Titel: De Bonsterkes op ̓e terp Auteur: Hanneke de Jong Yllustrator: Linda de Haan Pagina’s: 64 Utfiering: ynbűn, full colour Leeftyd: 4 – 9 jier ISBN: 9789056154745 Aksjepriis: € 4,95 (29 septimber o/m 31 oktober). Dęrnei € 9,90. Utjouwer: Bornmeer yn opdracht fan Boeken fan Fryslân www.bornmeer.nl
|
|