dagboek > overzicht
Dagboek ňktober 2018Bekiek hele maand 
 
17 ňktober om 19:05
 
De Nacht fan Quatrebras





Ljouwert- Op freedtejűn 2 novimber nimt Tresoar dy mei nei de wrâld fan Quatrebras, it tydskrift dat yn de jierren ’50 en ’60 in wichtige bydrage levere oan de fernijing fan de Fryske literatuer.

It bysűndere fan Quatrebras wie dat ferskate dissiplines – literatuer, keunst, toaniel, fisuele poëzy – gearwurken en in protte kreativiteit losmakken.

Tidens dizze jűn is ús bysűndere gast ien fan de lęste redakteuren fan Quatrebras, Gysbert Japicxpriiswinner Josse de Haan, dy’t spesjaal út Spaansk Baskelân wei oerkomt. Ernst Bruinsma sil him ynterviewe en wy biede him in faksimilee-útjefte oan fan syn ‘Anarky’s’.

En fierder:

Koarte lęzings fan Frank den Oudsten, Bert Looper en Ernst Bruinsma
Elske Schotanus draacht foar út wurk fan Hessel Miedema
Muzykoptredens en performances fan Jan Klug, Sytse Jansma en Hans Wijnbergen
Jierren ’50 toaniel fan Jelle de Jong

Wannear: Freedtejűn 2 novimber, 20.00-24.00
Węr: Tresoar, Bűterhoeke 1, Ljouwert
Tagong fergees

Foto komt út myn argyf: Josse de Haan biedt De Moskeflapper oan syn mem oan. Op de foto ek Josse syn dochter. It wie yn 1996.