|
|
23 ňktober om 12:36 |
|
Philippus H. Breuker: Dreaun fan d'ierde dream - Libben en wurk fan Obe Postma
Snits- De Dútse dichter C.F. Gellert sei ea oer in ferstoarn âld man dat de grutsten fan syn foartreflikheden wienen: ‘Er ward gebohren, Er lebte, nahm ein Weib, und starb’. Obe Postma naam sels gjin frou en hie boppedat mar ien dy’t er syn freon neame koe - hoe saai moat syn biografy wol net węze. Mar sa is it net.
It libben fan Obe Postma hat krekt ryk west. Hy hold him yntinsyf dwaande mei sokke ferskillende dingen as de wis- en natuerwittenskippen, de filosofy en de psychology, de dichtkeunst, de skiednis en it űnderwiis.
Syn wittenskiplik wurk is ynbęde yn ynternasjonale ferbannen. Syn dichtwurk jout sicht op ynfloedrike poëzy. Hy hat syn besibbens mei de grutte tinkers en dichters fan syn tiid herkend, har lęzen en ferarbeide, en mear as ien en twa wrâldferneamde Nederlânske gelearden hat er persoanlik kend. Yn de poëzy hawwe Rilke, Emily Dickinson en de klassike Sineeske dichters him tige nei lein.
Tsjinstellingen wiene der ek. Hy hong oan it libben, woe lokkich węze en diel útmeitsje fan in ienheid, mar wie folslein in man op himsels. By alle geleardheid is de grűntoan fan syn bestean mankelikens en syn libben is tekene troch űnręst en begearen. It wie in dreaun man. Hy moast wurkje, hy koe net oars. Oan de ein fan syn libben sei er: ‘Mar ik haw dien wat ik moast’ en dęr bedoelde er mei dat er it űnmooglike neistribbe hie.
Hy hat it grutte neistribbe. Miskien wie it ek wol in grut man. Hy wurdt ommers net allinnich űnder fakgenoaten respektearre, mar as dichter hat er ek trouwe leafhawwers yn grutter rűnten. Hy krige de beide heechste Fryske provinsjale prizen op it gebiet fan literatuer en wittenskip, in unikum yn de skiednis oant hjoeddedei ta. Yn de Fryske kultuer nimt er in bliuwend plak yn. Hy sil noch lang ynspiraasje en herkenning jaan. Ph. H. Breuker wie heechlearaar yn Leien en Amsterdam en hat him jierrenlang dwaande holden mei de stúdzje nei libben en wurk fan Obe Postma, ek yn syn tiid oan de Fryske Akademy.
Ferskynt op 24 oktober 2018.
Boekynfo: Untwerp en opmaak omslach : Gert Jan Slagter Untwerp en opmaak binnenwurk: Peter Boersma Utfiering: hardcover, full-colour 352 siden, priis € 35,00 ISBN 978 949 205 250 6 Ook recent
P. Breuker, Lytse bal, grut spul Imke Müller-Hellmann, Verdwenen in Duitsland Beb Mulder, Must es kieke Obe Postma, Selected Poems Sake P. Roodbergen, De Ljip Een meelijwekkend volk. Vreemden over Friezen Johanna Kessler, We Love Books Het dagboek van HIDDE DIRKS KAT Justin Kroesen, De Friese Elfkerkentocht (drietalig) |
|