dagboek > overzicht
Dagboek november 2018Bekiek hele maand 
 
29 november om 19:08
 
Nije bondel Willem Abma:‘Ferbűn en sjoen, mimeringen oer myn leauwe en libben’






“Ferbűn en sjoen, mimeringen oer myn leauwe en libben” bestiet foar it grutste part út religieuze poëzij. De skriuwer waard tige kristlik grutbrocht wat in djippe útwurking op him hie. Hy keas der dan ek foar om theology te studearjen om antwurd op syn fragen te krijen.

Mar der kamen mear fragen by as dat der oplost waarden. Dat resultearre deryn dat er sa’n 40 jier de tsjerke mijde. Earst op syn 59ste fűn er it paad fan tsjerkegong werom. Sűnt 2014 giet Abma no en dan foar yn űnderskate tsjerken.

De bondel foarmet de delslach fan syn mystike leauwe en oanhâldende ferlet om yn de inerlike dialooch fan it gebed it kontakt mei God te űnderhâlden. De bondel is opboud út sân skiften. Yn it earste skift leit de klam op de emoasje en net op it begripe wollen.

Mystyk is yn de fersen fan it skift “Bręge” it űnderlizzende thema. Yn it skift “De Reed” komt nei foaren hoe wichtich űnderfiningen yn de iere bernejierren foar de geloofsfoarming fan de skriuwer west hawwe.

Yn it skift “Yn ’e jűntiid” oertinkt de skriuwer de tichterby kommende libbensein. De bondel wurdt ôfsluten mei de skiften “Gebeden, Geastlike lieten en “Sa beskôge”.

Utjouwerij www.wijdemeer.nl
Utfiering: hardcover, 72 siden
Ferkeappriis € 19,90
Boekfersoarging Gert Jan Slagter