dagboek > overzicht
Dagboek november 2019Bekiek hele maand 
 
4 november om 18:31
 
De man fan dyn libben pakt it publyk by de strôt





Arthur Japin de auteur fan ‘De man van je leven’ koe justermiddei de eagen amper leauwe dat der sa’n grutte rige fan besikers foar Theater Snits stie. ‘Die zullen zeker niet voor het in het Fries vertaalde toneelstuk ‘De man fan myn libben’ komen’, sei Japin nei ôfrin tsjin de akteurs Marijke Geertsma, Jan Arendz en Anke Bijlsma. Mar it wie echt wol sa, in útferkochte Snitser skouboarch wie tsjűge fan in tragikomeedzje fol iensumens, leafde sykte en dea om mar ris in tal tema’s út it stik oan te heljen.





‘De man fan myn libben’, yn in oersetting fan Marijke Geertsma, giet oer it libben fan in echtpear, Tilly ( Marijke Geertsma) en Marius (Jan Arendz), węrfan’t de frou slim siik is en net mear better kin. Tilly wol oer har dea hinne de rezjy blykber noch yn hânen hâlde en set op in datingsite in kontaktadfertinzje foar har man en der komt in moaie jonge frou op ôf, Iris (Anke Bijlsma).





In apart trijehoeksferhâlding mei geheimen en hilarise tastânen, węrby’t guon út it publyk nochal om laitsje moasten mar ik it my ek yntinke kin dat der minsken wiene dy’t om bepaalde sęnes wol gűle koene. Al dy emoasjes leine ticht by elkoar! Wat my juster ek opfoel is hoe goed dizze trije akteurs tsjin mekoar opwoeksen binne, gjinien fan it trio hat in haadrol. Meielkoar spylje Geertsma, Arendz en Bijlsma in haadrol!

Hoe langer it stik duorre, hoe mear it mij yn’e besnijing krige. Is it yn’t earstoan miskyn noch wat flau, hoe langer hoe mear waard ik meinommen yn’e ferwűndering. Hoe’t minsken mekoar besoademiterje kinne mar ek hoe’t minsken harsels foar de gek hâlde. Wat dat oanbelanget wie der genôch herkenning! Wa’t sűnder sűnde is, smyt de earste stien!






Dat de moaie Iris dy namme draagt past fansels hielendal by learaar Nederlâns Marius, dy’t graach sitearje mei út it ferneamde gedicht ‘Iris’ fan Jacques Perk: ‘Ik ben geboren uit zonnegloren en een zucht van de ziedende zee’. Past ek moai by de lokaasje dęr’t it stik spilet, in eilân.

Is it stik ek realistys? Neffens my is de wurklikheid soms noch gekker as in mins betinke kin, dat wat dat oanbelanget is it wierheidsgehalte like bizar as realistys. Minsken is raar guod! Fansels wit gjinien hoe’t hij of sij omgean sil at Meagere Hein op’e stoepe stiet. Hoefolle minsken soene der net węze dy’t by it âlder wurden wolris oer it libben nei it ferlies fan in partner prate. Dat is in beladen űnderwerp, mar yn ‘De man fan dyn libben’, wurdt it net swier oanset, mar krekt licht holden. Dat makket it miskyn wol dat myn buorman hieltyd lűdop lake, wyltst ik tocht ‘man doch even gewoan, it giet hjir oer libben en dea’.
Moatte je Tilly ferwite dat se oer de dea fan har man reageare wol? Moatte je Marius weisette as in geile hoerebok? En is it Iris kwea ôf te nimmen dat se in ferongelike frou is? Sij hat ek har skiednis!

It dekôr is sober mar passend. De prúk dęr’t Tilly en letter Iris mei omboartet is prachtich (Arjen van der Grijn!) en echt. De taal dy’t de akteurs brűke liket net op boeketaal, it is libben en echt. Gjin flau benul hoe’t Arthur Japin dizze foarstelling űndergien hat, mar hij mei it Frysk miskyn wol net ferstean, mar hat it grif begrepen. Soks is in komplimint oan spilers en regisseur Bruun Kruijt! Wa’t it stik ek sjen wol, in echte oanrider, sjoch op www.jmteaterwurk.nl