dagboek > overzicht
Dagboek september 2020Bekiek hele maand 
 
9 september om 18:05
 
Nije bondel Sjoerd Bottema






LJOUWERT- By de Afűk is ferskynd: De grize oer de grouwe, nije en bewurke folksferhalen fan Sjoerd Bottema Goeie ferhalen meie altyd wer op ’e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen.

Oer duvels, heksen, spűken en oar rosmos. Oer harren tjustere praktiken, grouwelich en grousum, mar ek gauris fermaaklik. Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dęrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman.

Yn 2020 waard it ferhaal Total Loss bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It boek leit no yn de boekhannel!

Boekgegevens: De grize oer de grouwe Auteur: Sjoerd Bottema Utfiering: paperback ISBN: 978 949 315 943 3 Ferkeappriis: € 16,50 www.afuk.frl