dagboek > overzicht
Dagboek november 2020Bekiek hele maand 
 
3 november om 20:55
 
Nea wer etcetera fan Josse





Josse de Haan is net mear űnder ús. Justerjűn kaam it berjocht dat Josse ferstoarn is en dat docht mij sear. Oardelwike lyn hiene we noch telefoanys kontakt mei mekoar. Earder hie hij mij al maild dat it mei syn sűnens net sa goed gie. Josse hie slokdarmkanker. Hij moast, sa’t er skreau ‘it sikehűssirkwy yn’.

Op 21 oktober mailde Josse dat er wer thús wie bij syn Maite yn Hendaye. ‘Perspektyf is noch net bekend’, skreau hij dy 21ste oktober. Noch gjin tsien dagen letter is Josse nei de oare kant gien. Nea wer de telefoantsjes, nea wer de besites at hij hjir yn Fryslân wie.

Wat oerbliuwt is syn literęre wurk, ik haw in planke fol mei syn bondels en romans. Josse wie foar mij mear as in freon. Hij wie mei Hylkje Goďnga, Trinus Riemersma en Jelle Kaspersma dejinge dy’t my altyd stimulearde om troch te gean mei it skriuwen. In prachtich essay skreau hij oer myn poëzy, ik bin der noch altyd hiel wiis mei.

Yn’e jierren ’80 fan’e foarige ieu learde ik Josse kennen en we bleaune mekoar trou. Prachtige brieven en kaarten krige ik fan him. Yn dat űnmogelike hânskrift fan him. Dat dan wol wer. Ik mocht him meardere kearen ynterviewe foar kranten en tydskriften. In grut ynterview mei him ferskynde yn it Frysk literęr tydskrift Trotwaer. ‘Literartuer is myn libben, myn libben is literatuer’, liet er doe optekenje yn Trotwaer 2000-9.

Wat wie er bliid dat er noch meimeitsje mocht dat syn magnum opus ‘Passys’ fersynde. It is noch gjin 14 dagen lyn dat hij mij dęr oer mailde. No is Josse der net mear. It fielt leech en űnwęrklik noait mear in telefoantsje fan him te krijen. Om te praten oer de literatuer, oer Fryslân mar ek privésaken. Syn karakteristieke stopwurdsje 'etcetera' sil net mear klinke tusken Snits en Hendaye. Syn fraaie nijjierkaarten sil net mear komme.

De lęste regel dy’t der mij skreaun wie dizze: “Oer de sykte graach gin iepenbiere ferhalen. Groetnis ut Hendaye – Josse”

Sil dy enoarm misse freon!


Op'e foto hjirboppe, felisitear ik Josse mei syn Gysbert Japikspriis op tongersdei 25 oktober 2007. In oare literęre maat fan ús, Cor van der Wal seach dat it goed wie!