dagboek > overzicht
Dagboek november 2020Bekiek hele maand 
 
15 november om 13:41
 
En de literatuer in ut Frys gaat mar deur!





Ut is un groat wònder, wêr’t ik blij fan wurd op un súterege novemberdach in coronatiid! De week begin dus fleurech en dat wú ik mar moai su houwe na un paar waardeloase dagen.

Presintaasje dichtbondel en blomlêzing

Abe de Vries is in produktyf skriuwer en sa kin Utjouwery DeRyp twa boeken tagelyk presintearje dêr’t dizze skriuwer by belutsen is. De earste is De Vries syn tsiende dichtbondel, Blaumelly, en de oare is in blomlêzing mei ferhalen dy’t De Vries útkeazen hat fan 19e-ieuske skriuwer Waling Dykstra. Beide boeken wurde op 20 novimber tagelyk presintearre yn it doarpshús fan Froubuorren/Vrouwenparochie.

Blaumelly

Blaumelly hyt de tsiende dichtbondel fan Abe de Vries. In mylpeal foar dizze dichter dy’t foar in eardere bondel de Gysbert Japicxpriis 2005 krige. Blaumelly is foarmjûn troch Johan Bouwhuis mei in opfallend reade hynstekop op it hurde omslach, nei in skilderij fan Johan Haanstra. De gedichten fine har woartels gauris yn de direkte wenomjouwing en persoanlike sfear fan de dichter, mar geane oer universele tema’s. Foegje dêrby pakkende byldspraak, tûk stal jûne emoasjes en maatskiplike belutsenens en men kriget sterke fersen dy ‘t der ta dogge. Neist eigen gedichten hat Abe de Vries ek oersettingen opnommen fan gedichten fan û.o. Robert Frost en Iosip Brodsky. It earste eksimplaar fan Blaumelly sil by de presintaasje útrikt wurde oan Sietske Poepjes, deputearre fan de provinsje Fryslân foar kultuer.

Waling Dykstra Folksskriuwer

Foarig jier besoarge Abe de Vries in blomlêzing mei gedichten fan Waling Dykstra (1821-1914). Mar Waling Dykstra is ek ien fan de belangryste Fryske ferhaleskriuwers fan de 19e ieu. Dêrom is der no ek in blomlêzing mei ferhalen fan him, Waling Dykstra Folksskriuwer. Waling Dykstra hat hûnderten ferhalen skreaun foar tydskriften en sammelbondels. Tweintich fan syn koartere ferhalen binne yn dizze blomlêzing opnaam yn oanpaste stavering. Se hearre ta it bêste proaza dat yn it Frysk ferskynd is. It binne faak smout fertelde ferhalen mei libbene dialogen dy’t earne oer gean. De ferhalen binne útkeazen troch Abe de Vries dy’t foar dizze kreaze útjefte in nijsgjirrige, koarte ynlieding oer Dykstra’s ferhalen skreau.

Dykstra’s ferhalen gean oer it goede en tsjoede tinken en hanneljen fan gewoane minsken yn situaasjes dy’t ek yn ús tiid noch werkenber binne. Jawis, de minsken út de ferhalen fan Waling Dykstra libje yn in oare tiid, ûnder oare omstannichheden as no. Mar wat is dêrnjonken it ferskil tusken ien dy’t him troch in saneamde wûnderdokter bedrage lit yn de 19e iuw of troch in ynternetoplichter yn de 21e iuw? En it petear by de skearbaas fan arbeiders dy’t nei ferkiezingen hoopje dat se der op foarútgean, soe samar it petear fan soarchmeiwurkers by de kofjemasine yn ús tiid wêze kinne. It earste eksimplaar fan dizze blomlêzing sil by de presintaasje útrikt wurde oan heechlearaar Fryske taal- en letterkunde Goffe Jensma.

Blaumelly fan Abe de Vries en Waling Dykstra
Folksskriuwer wurde presintearre op 20 novimber om 16.00 oere yn it doarpshûs fan Froubuorren/ Vrouwenparochie. Fanwegen de koroanamaatregels kinne dêr net mear as tritich minsken by wêze.

Pippi Langkous - Fryske edysje





Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan ‘e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy’t neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren.

Dizze Fryske edysje is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogense famke mei de reade flechten. Yn it boek stean de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tukalân. Geweldich foar elk dy’t bern bliuwe wol.

Astrid Lindgren (Sweden 1907-2002) har skriuwerskarriêre begûn eins op ‘e dei dat har dochterke om in ferhaal frege; it waard in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as tweintich boeken dy’t oer de hiele wrâld ferskynd binne. Har wurk waard talleaze kearen bekroand, û.o. mei de Hans-Christiaan-Andersen-Medaille en de Sweedske Steatspriis foar Literatuer.