dagboek > overzicht
Dagboek april 2021Bekiek hele maand 
 
15 april om 20:10
 
Prachtech nieuws op dizze 76ste Befrijdingsdach fan Sneek





Oarlochsskriften fan To Hofstra no digitaal

"Wij moeten ons voorbereiden op tijden van druk, kommer en vervolging." It is in koarte sin yn in krante-artikel út 1940. Utknipt en űnderstreke troch de doe 16-jierrige To Hofstra út Snits. It is it begjin fan de oarloch, en it is ek it begjin fan in rige oarlochsskriften, makke en byhâlden troch To. De skriften befette unike dokumintaasje, en sűnt tongersdei binne se foar elk te lęzen fia in nije webside.

To Hofstra (1924-2011) is noch mar in jonge frou as se yn maaie 1940 úteinset mei it skriuwen fan har oarlochsskriften. Oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch feroaret der fan alles yn de mienskip en yn de wrâld. Mar ek yn it persoanlike libben fan To. Sa docht de húshâldskoalle dęr't se oan studearre de doarren ticht, en stapt se oer op wurk as húshâldlike help foar har dôve beppe. Ek begjint se mei in oplieding ta kleanmakker. Dit soarget derfoar dat se de ferplichte arbeidstsjinst foar famkes űntrinne kin.

Hofstra sammelet krante-artikels, pamfletten, munten, bonnen en postsegels om har skriuwen te yllustrearjen. Sa űntstiet der in wiidweidige dokumintaasje fan it deistich libben yn de oarloch, en fan de befrijing fan Snits op 15 april 1945:

"Op eens komt er een zware gepantserde Duitse auto voorbij. Even later fietsende soldaten. Plotseling horen we hevig gedreun een hevig gesis en geknal. in de bijkeuken staan we met jassen aan dodelijk verschrikt bijeen. Er stijgen in de buurt van het stadhuis grote rookwolken op. (..) Even later horen we dan ook knallen en er verschijnen mannen in blauwe overalls op straat met wit-blauwe banden om de arm waarop staat Oranje NBS. Zij vegen de straten schoon. Ze zeggen dat Sneek hiermee is vrijgegeven door de Duitsers. Iedere tank wordt bestormd. De mensen vliegen uit huis. Het gejuich is niet van de lucht."

Fersetsmuseum

De skriften binne sűnt 2000 yn it besit fan it Fersetsmuseum yn Ljouwert, skonken troch Hofstra sels. Trochdat Hofstra jierrenlang trochskreaun hat, binne de skriften in grutte boarne fan ynformaasje oer ferskate űnderwerpen. Sa skriuwt se yn har tredde skrift oer de maatregels dy't de nazi's oankundige hawwe tsjin de Joaden. Mar ek lytsere saken jout se omtinken: "Kinderen mogen niet meer genoemd worden naar Duitse vijandige personen, Staatshoofden o.a. Winston."

De skriften binne op dit stuit te finen yn ien fan de fitrinen fan it museum. Mar om't se op dizze wize eins net mear goed te lęzen wiene en dus ek net it publyk krigen dat se eins fertsjinje, woe it museum se digitalisearje. It fersetsmuseum hopet dat mei it iepenbier meitsjen fan dizze skriften minsken ynspirearre wurde om op syk te gean nei mear fan dizze persoanlike oarlochsferhalen.