|
|
18 september om 15:35 |
|
'Wat Soesto', fan Freark Smink en Klaasje Postma, rekket ek de stedsjonge
`Ik bin in boeresoan. Myn pake wie boer, myn heit wie boer en ik bin it. Dêr bin ik grutsk op. Niks mear, niks minder. Ik ha wolris lêzen dat je as bern je eigen âlders útsykje. As dat sa is, dan ha ik raar yn ’e war west. Myn mem is okee. Dy besiket altyd te skipperjen en hat in hekel oan rúzje. Mei myn heit is dat oars,’ sa iepent boer Frans ( spile troch akteur Freark Smink) yn `Wat soesto!’.
Tongersdeitejûn wie ik bij de try-out fan it stik yn Theater Sneek. In yn it moed taastende monolooch fan in geweldige akteur. De bijrol fan Frans syn mem, spile troch Klaasje Postma, soe ik net iens in byrol neamme wolle. Dêrfoar is har spyljen ek te sterk en soe ik har tekoart dwaan.
Tongersdeitejûn fielde ik mij as jonge fan ’e stêd min ofte mear bûtensteander. Mar ek wer net. Snitsers libje ommers yn ’e eagen fan lju út ’e Rânsestêd ek op it plattelân al tinke ynwenners fan’e Waterpoartstad der soms ‘un bitsje anders over’.
Troch it prachtige toanielspul fan Smink waard ik hielendal meinommen yn de libbenswrâld fan boer Frans, dy’t de balâns opmakket fan syn libben. In grutske boer, dy’t der as jonkje al fan dreamde om de opfolger fan syn heit te wurden. Dy heit dy’t wreed wie foar syn húshâlding en miskyn wol it meast foar Frans.
Dy ynleave mem dy’t tidens it stik hieltyd opfallend ûnopfallend oanwêzich is op’e achtergrûn. Frans de ûnhandige ‘mantelsorger’, dy’t letterlik en figuerlik oan syn mem bûn is. It byld dat Frans fan ferline delset is om fan te grizen, wat in freeslike heit hat hij hân. Brrrr.
Freak Smink sels boeresoan, is noait boer wurden, mar hij kin de wrâld fan binnenút. Izersterk hâldt hij himsels en syn publyk in spegel foar. Hij, boer Frans dy’t te meitsje krijt mei de easken fan de oerheid ( ‘oare heit’!) en de druk fan’e maatskippij. ‘De iene maatregel nei de oare diskusje, je soene je der foar skamje dat je boer binne’.
Wat in emoasjes! Bin ik as Sneker ek net mei ferantwurdelik dat it lân om de stêd der yn dizze ieuw sa folslein oars hinne leit as pak him beet 50 jier lyn? Of is dy ferantwurdelikheid allinne mar foar de boer. Dy’t hieltyd mar mear en mear produsearret? Dit is in stik dat datsoarte fan maatskippelike fragen oan’e oarder stelt. ‘Bisto boer òf ûndernimmer’, frege ik nei ôfrin fan it stik oan in maat fan mij. ‘Ik bin ûndernimmer’, sei er planút. Syn frou woe ha dat har man ‘ûndernimmer mei in boerehert’ wie. Dat dus!
De dramatyk fan it stik giet dus fierder as de Tüöttenzaal fan Theater Sneek, en dat is goed. It stik set oan ta fierdere diskusje. As stedsjonge wie ik behoarlik ûnder de yndruk fan wat ik hearde en seach. De belibbingswrâld fan boer Frans dy’t folslein oars is as dy fan in binnestêdynwenner omdat de libbenswrâld fan boeresoan Freark Smink, dy’t dy rol spilet, folslein oars is as dy fan mij.
Oh sa werkenber fyn ik at de mem fan Frans achter it harmonium sitten giet en de âlde ferskes fan Johannes de Heer spilet en sjongt. ‘Vaste Rots van mijn behoud…’ Boer Frans syn opmerking dat der yn Fryslân gjin rots te bekennen is, tsjûget fan in hearlike selsspot.
At ik as stedsjonge ‘Wat soesto’ al sa yndrukwekkend fyn, hoe soe it dan mei al ‘dy boeren’ wol net wêze moatte. Ik doch net oan resinsje stjerkes, mar fan mij krije Freark en Klaasje in hânfol foar in stik wêr’t wij as maatskippij beide beiden hânen fol oan hawwe!
Henk van der Veer, Sneker stadsjonge
Foto's Jan Bensliman |
|