|
|
4 jannewary om 15:41 |
|
De 15de Elfstedentňcht
Fandaach dus 25 jaar leden wurdde de 15de en tňt nou toe laatste skaats Elfstedentňcht ferreden. De LC komt met ekstra andacht foar de tňcht fan toen, Omrop Fryslân gaat ferder met de iesweek en ik sneup in myn haanskreven dachboeken om un kwarteeuw teruch in de tiid te gaan. Ik skriëf in dy tiid hast alles in ut Frys. Dat doën ik hier nou ok as it út ut dachboek sitear. Noait de geskiedenis ferfalse, dęr komt niks nyt goëds fan.
Op 2 jannewary: It giet oan!
Op 2 jannewary 1997 skriëf ik: ‘It grutte nijs komt hjoed fan Henk Kroes, de foarsitter fan’e Fryske 11-Stędeferiening. Mei de histoarise wurden: ‘It giet oan’, kundigt hij de 15de alvestędetocht oan! J. hat de triennen écht yn ’e eagen. Ik ha ek in hiel apart gefoel as om 11.13 oere de tocht foar kommende sneon oankundige wurdt. Nei it iten set ik ôf nei Tsjerkwert om dęr op it iis te stappen foar de Wűnsradiel Súd tocht. De tocht is sa’n 35 ŕ 40 km. Ik ryd in part fan it 11-stędetrajekt….’
“Yn’e neimiddei nei Snits om foto’s űntwikkelje te litten. Drink waarme sűkelademolke by Annejet Slippens. Sy hawwe in flagge, in parasol en 24 blikjes Chocomel (Nutricia) krige y.f.m. reklame foar de 11-stędetocht. De TV hat in soad omtinken foar de tocht. Der hinget in hiele aparte spannende sfear…”
Moai om te lezen dat ik nňch naar de fotowinkel weest was om un rňtsje ontwikkele te laten! En dat fan dy sjokolademelk was ik ok helemaal fergeten. Ik lees ferder hoe’t ut op 3 jannewary was.
Op 3 jannewary: Gjin boerekoal mear te krijen
“Alles stiet ek dizze dei wer yn it teken fan’e 11-stędetocht. De hiele deis is Omrop Fryslân yn’e loft. 40 oeren 11-stędenijs. Yn Snits is it smoardrok. J. kin sels gjin boerekoal krije….”
“De jűns bring ik B. nei’t dűnsjen en wyltst hy dűnset gean ik it iis op. Ik rin in hiel ein op mei lju dy’t moarn de tocht ride sille. Sjoch űnderweis rayonhaad De Jong allinne oer’t iis skuveljen. Apart gesicht, aparte sfear.
Op 4 jannewary: Mei tűzenen by de Wetterpoarte “Om 05.00 oere giet de wekker. Nei de start sjoen. Mei tűzenen by de Wetterpoarte. Nei hűs sjogge wij nei it wetstrydferslach. Middeis nei Boalsert. Gigantise sfear! Henk Angenent wurdt winner. Om 16.00 oere nei hűs. Sitte oant 00,30 oere foar de TV. In hiele emoasjonele dei achter de ręch. Sit wol wat fan massahysteary yn. De bylden op TV binne soms dramatys. Troch de stevige wyn wurdt dizze 15de 11-stędetocht in echtenien.”
|
|