dagboek > overzicht
Dagboek jannewary 2022Bekiek hele maand 
 
5 jannewary om 17:06
 
Briëven en reaksy’s op digitaal dachboek en Omrop Fryslân kollums






Regelmatech (= alle weken…) krij ik reaksy’s op myn públikasy’s dy’t op myn digitale dachboek en bij Omrop Fryslân te lezen binne. Foarege week was der un prňnkje bij dy’t ik met toestemming dele mach. Un fraaie brief en un moai fers. Hierbij:


Goeiemoarn Henk,

Ofrűne simmer hiene wy een prachtige middei yn it Wilhelminapark. It Wilhelminapark, noch like glorieus as altyd. Wy, dat binne de Turnser Famkes, sa neamde Mem us, wanneer wy by Mem yn it Wumkeshűs om een bakje kamen mei een stikje oranjekoeke fansels. Hast sawntich jier kinne wy elkoar. Mei us seizen hawwe wy troch de jierren hinne een djippe freunskip mei mekoar. Helaes twa fan us leave freundinnen binne us űntfallen. Yn us betinken wiene se der ik by.


Fan ien fan de beiden har man heart der gewoan by en wie die middei ik mei.
Een great fertriet hat ik ien fan us troffen want har man is forline jier ferstoarn. Sa libje wy troch de jierren hinne mei mekoar mei.


Earder wie it us ienigste útstapke. Een middei nei It Park, op ‘e fyts derhinne. Alderearst stroesden we nei de apen. It wie een aerdichyd hoe dy bistkes yn it hok de grappigste krewellen úthellen. En dan de Pauw, wat wie it wat as dat eigenwize bist sa genedich wie om foar us te pronkjen. “Sjogge jimme it wol hoe exotisk as ik bin”, tocht dy pauw. It wie súver een feestje. En fierder mar, nei it hok wer ’t we us forgapp’n oan prachtige fűgels.


We gongen ik wol de stęd yn mar lieten dan us fytsen yn it park stean want om der te fytsen, nee dat doarsten wy net oan, fiersten te drok.


En no hjoed wer yn it Park, wát een serene sfear. Ál dy majestueuse beammen, steande oan de kraes underhâlden paden. Twa fan us hawwe hjir harren trouwfoto’s meitsje litten. Foto’s by it ydillische bręchje en een eintsje fierderop by de skitterjende blomperken.


Sa heare wy hoe de iene mei har bern op een frye dei hjir hinne kaem en de oare mei har beppesizzers troch it park kuiere. Wat hiene wy it goed mei mekoar, een middei om noait te ferjitten.

En sa kin it ferkeare. Dy apen, nee die binne der net mear. Mar IT WILHELMINAPARK RYKSMONUMENT, IT heart foar altyd by Snits.

Hertlyke groetnis fan Jantsje Strijker-Reitsma


FERS

Simmer yn Snits
net ien
koe sa hurd
fytse
as us Mem
heech
oegryslyke heech
sieten wy by Mem achterop
de fuotten yn de fytstas
yn Turns by de bręge oer de Frentsjeter
sette Mem us op ‘e pakjedrager
en der gie it hinne
-simmer 1950-
achter op dy fyts

yn de fjirte
een hynder- en wein op ‘e dyk
wat wie der no moaier as
by Mem achterop ‘e fyts
hielendal foarby de Dykshoeke
en fia Djippe Tille

op nei it leaflike Wilhelminapark yn Snits
-óf wie it New York City?-

-Mem wie een super fytster-
noch net iens
tsien kilometer fan hűs