|
|
27 november om 18:47 |
|
Tryater in Sneek
Donderdach anstaande komt Tryater naar Sneek. Dêr sal ik ok naar toe. Ik roep hierbij al myn webloglezers op, utselde te doën. Ut sal de laaste kear weze dat Tryater in ut alouwe Amicitia-gebou an ut Leeuwenburg speule sal. Ik hoop werklek op un folle bak! Dêrom nou al reklame foar Tryater. Siën ferder www.tryater.nl Hierbij al fast de infòrmasy over ut stuk:
Geastlike skets oer lyts minslik drama
Bertus Schweigmann sit yn de WAO mar hy is ûnmisber as koster, as redakteur fan it fuotbalkrantsje en as Sinteklaas. Syn frou Anny stipet him sa goed se kin. As der in nije dûmny komt fielt Bertus him der hiel ferantwurdlik foar. Dûmny Wind blykt in âldere net troude frou te wêzen. It is har earste gemeente: sy is in lette ropping. Anny oriïntearret har op har eigen mooglikheden. Sy fynt wurk, en dêrmei sjocht sy ûnferwachte perspektiven. Sa binne der ynienen waarme gefoelens foar de nije dûmny. As de nije dûmny en sy fereale wurde, lit sy der fan komme wat der fan komme moat. Bertus fielt hoe’t him de grûn ûnder de fuotten weisakket. Hy moat fierder sûnder baan, sûnder frou, it doarp liket him te skouderjen. Yn dizze tastân kin hy net mear Sinteklaas wêze, fynt er; en dat spyt him noch wol it meast.
Lette Ropping is skreaun troch Bouke Oldenhof nei oanlieding fan in kranteartikel oer in koster, dy't midden yn de mienskip stiet, waans wrâld as in kaartehûs ynelkoar stoart as er in nije froulike dûmny yn it doarp komt. Hy fielt hoe't alles him by de hannen omt ôf brekt. Syn frou lit him sitte foar de dûmny. En úteinlik kin hy ek net mear foar Sinteklaas spylje, wat er al tritich jier mei leafde die…
TEKST BOUKE OLDENHOF REGY ANNY VAN HOOF SPILERS ALY BRUINSMA, MARIJKE GEERTSMA EN JOOP WITTERMANS
Fandaach un normale werkdach op skoal had, úteraard met un hearleke fergadering as toetje! Sal dêrom earst mar even un blokje om. Un halfuur per dach bewege nou?!
Donderdach 30 november: Tryater met ' Lette Ropping ' in Sneek |
|