|
|
4 júly om 08:30 |
|
“Wat is it toch altyd in soadsje yn Snits…”
Foarege week dinsdachmňrren moest ik even te bloëdprikken an ’e Bolswarderbaan in Sneek. Ut was smoar en de smoardruk bij ut LAB fan ut Sint Antonius Sikenhús. Búten stond un lange rij met wachtenden. Tien foar acht mňrrens en de son skeen folop. Niks mis met. Foar mij in de rij, un tachtech plusser, foarsichtige inskatting, had gyn enkel probleem om de de júste toetsen in te fullen fan ut apparaat dy’t even later ut papieren wachtnummerke útratelde.
Wonder boven wonder ging ut bij mij ok in 1x goëd en kon ik deurlope met nummer B34 in ’e anslach. Fia un digitaal skerm sach ik dat B10 an ’e beurt was in Prikkamer seuven. Ik moest staan.
Naast mij un frou met stief permanentsje in’t haar en ut fel strak om ’e neus. Teugenover mij un man in gries somerpak. Dęr wear naast un meiske fan un jaar ňf 20. Stuk foar seiden se gyn woard, allemaal gekonsentreard starend naar ut beeldskermke op hun mobyltsje.
Un hoochblonde frou sat de krant te lezen. Ok al op har mobyl. Nadat ik fijf minúten staan had en de boël observeard, kwam der un stoëltsje frij naast un grouwe kearel in houthakkersbloeske. Hij begon futdaleks teugen mij te praten.
“Wat bin’t hjir asosialen net!”
Fynst?
“Ja, gjinien docht de bek mear iepen.”
Tsja…
“Se hawwe mear oandacht foar de mobyltsjes as de lju om har hinne. Ik ha niks mei mobyltsjes.”
Oh…
“Ik ha likefolle ferstân fan in mobyltsje as in ko fan pianospyljen.”
“Hjir sizze se niks mear tsjin mekoar en op strjitte al krekt sa. Ferline wike freed seach in sa’n jonge mokkel rinnen. Se seach op nňch om. Ik tocht ik bleau stean, sjen wat der gebeurt. Knalde se sa tsjin mij oan.”
Nou, watst wat?
“En węr hast it oer. Kinst der wol oan beginne, mar op ús leeftyd makkest it toch net mear ôf.”
Hest gyn mobyltsje?
“Jawol, allinne om te beljen. En ik nim um wol mei yn ’e auto. Want it navigasysysteem fan myn âlde bak is ferâlderd. Myn pakesizzer hat der sa’n rűte appke foar mij opsetten. Da’s wol maklik. Lęsten moast ik nei Makkum. Ryd ik it doarp yn seit dy trut fan it navigasysysteem ‘indien mogelijk keer om, indien mogelijk keer om’. Wat in festân, dan wie’k yn Boalsert útkommen. Ik bin noch al dwęrsich, mar ha de oanwizings opfolge. En ik kaam ek noch teplak. Dat doe hat it mobyltsje mij ręden.”
Mar foar de rest must der niks fan hewwe?
“Nee, ik fyn it asosiale dingen. Dat sjochst hjir wol.”
Nou dy mobyltsjes binne nyt asosiaal, de minsen…
Dan ferskynt nummer B34 in’t skerm
“Hé do bist noch earder as ik. Hoe kin dat no?
“Ik ha B21!”
Hest dyn tiid miskyn ferpraten!
“Wat in soadsje is it toch altyd yn Snits!”
Fyn ik nyt hoar, de heu!
|
|