|
|
1 november om 18:36 |
|
En altyd binne der wear ferhalen
Elke week, elke dach, elk uur binne der ferhalen. Soms lúster ik, soms gaan ik ut gesprek an en un andere kear interview ik. Fandaach twee bysňndere ferhalen ophaald dy’t ik útwerl in un interview en dy ik met minsen dele mach. In kranten en magazines. Ut is en bliëft moai om te doën.
Mňrren wurdt un útskriëfdach. Fanavend wurdt un leesavend! In ut nieuwe boek fan Jaap de Jong, dé JAEp de Jong dy’t ik ken fan’e havo/pa út de jaren seuventech.
Ald-Balkster Jaap de Jong komt mei 'Reisferhalen fan in seeman'
Op sneon 28 oktober is by Wijdemeer 'Sirkelgong de see', in bondel reisferhalen fan âld-Balkster Jaap de Jong ferskynd. De skriuwer is seekapitein en wend om op syn reizen goed om him hinne te sjen. Yn dizze ferhalen siket er hieltyd om it gruttere ferbân achter syn aventoeren. De ręding fan boatflechtelingen is ek it ferhaal fan de kolonisaasje, in oanfarring yn de East-Sineeske See is ek in ferhaal oer de opkomst fan Sina. De űntwikkelingsproblematyk en klimaatferoaring komme yn byld as er in sleepboat ôfleveret yn Beira. Tichterby hűs makket er in spirituele syktocht lâns de seedyk dy’t yn Harns begjint en yn Hantum einiget, en dy't de fraach by him opkommen docht: ‘wat is hjir eins eigen en wat is frjemd?’ Yn it ferhaal 'To sea or not to sea' ferbynt er syn earste seereizen mei beskôgings oer it seemanskip. It lęste ferhaal fan de bondel, oer de Suderpier in Harns, makket de sirkelgong rűn.
Jaap de Jong waard berne yn 1953 te Balk, dęr’t de Sleattemermar it earste wide wetter wie dat er seach. Hy helle yn 1976 syn skipfeartdiploma foar stjoerman op de fiere seefiskerij yn Urk. Letter bedarre er op coasters. Sűnt 1997 fart er as kapitein op in ferskaat oan lytse seeskippen foar in Nederlânske werf dy’t oeral op de wrâld skippen bout.
Oer de see en seehavens publisearre er al earder in tal boeken. Yn de jierren santich en tachtich publisearre er ek trije dichtbondels.
Boekynfo Skriuwer: Jaap de Jong Boekfersoarging: Gert Jan Slagter (omslach) en Richard Bos (binnenwurk) Paperback, mei twa kleurkaternen 112 siden, priis € 19,50
|
|