|
|
7 november om 20:55 |
|
Moaie reaksy op'e kollum fan gister út Hylpen
Gűie Henk,
Só atstű wetst lústerje yk čalke mendetemôrn mei nyget nei dyn praetjen fôr Omrop Fryslân, só ek op dizze mende. Dyn ferhael oer ferkizingsposters roopt by my ek wur in ferhael op. Yk deal it graich mei dy. It ferhael steat hirűnder: Begón santiger jieren wied yk lid fan de PPR (Bas de Gaay Fortman). Wy heeën thús ek in wynkel. Hylpen hee in ôfdealing fan de PPR. Yk wied yn it besit fan in PPR ferkizingsposter en frege myn fear oft yk dy fôr it etalaezjerút ophangje mocht. "Hangje mar op", see myn fear. Dot hee yk naat ferwaete. Thús wieden wy herfoarmd en dus lid fan de CHU. Myn fear see altyd:"Wy binne naat lid fan in partii, mar fan in úny. Dus de poster fan de CHU kôm ek fôr it etalaezjerút te hangjen, nest dy fan de PPR.
De middes kôm der in gowen klant yn 'e wynkel. Hy stemde altyd PvdA. Hy frege ús fear: "Jan, yk hew hir in poster fan de PvdA. Mei dy ek by dy yn de etalaezje?" "Hangje mar op", wied it antword.
Letter folgen ek jitte de ferkizingsposters fan de ARP en de CPN. Alles hange by ús fôr it etalaezjerút! Oen it eend fan de dei het ús fear het op in stik boardpapier skriend en der by ophange: Onderzoek alle dingen, maar behoud het goede. Stem CHU!
Groetnis, Wiebe
|
|