dagboek > overzicht
Dagboek november 2023Bekiek hele maand 
 
9 november om 20:13
 
De Emigrant opnij ferteld, no folslein trochlibbe!





Tsien jier lyn wie ik al hiel entűsiast oer de Pier21 teaterfoarstelling De Emigrant mei Freark Smink yn in glânsrol. Justerjűn wie de premičre yn Theater Sneek mei ‘De Emigrant opnij ferteld’ yn in útferkochte grutte Tüöttenseal. En om mar fuortendaliks mei de sprekwurdlike doar yn hűs te fallen, dizze foarstelling wie ek wer in boppeslach om net te sizze fiif stjerren wurdich.It fűnkele fan alle kanten.

Feroarings
Grutste feroaring yn ferliking mei tsjien jier lyn is foar mij it optreden fan akteur Amin Ait Bihi, dy’t him folslein sels węze kin yn’e rol fan in GrootSneek sjoernalist dy’t hij spilet. Dizze toanielspiler is fan Marokkaans komôf. Hij spilet gjin Marokkaan, hij is it simpelwei.

Tsien jier lyn wie dy rol noch weilein foar Theo Smedes, hij spile doe de rol fan LC-sjoernalist Aslan. Dy Aslan wie fan Turks komôf. Eins wie dizze Aslan wat in karikatuur fan in Turkse man, hielendal mei it opplakte snorke. Soks kin yn 2023 net mear, neam it mar woke, it bewust węzen fan rasseproblematyk en sosiaal űnrjocht tsjin minderheden yn’e mienskip.

Der binne mear oanpassings yn it fernijde stik. Bygelyks yn’e tiid. Der wurdt no net mear ferwiist nei Simmer 2000, de grutte Friezenreüny, mar nei 2018. Doe rűnen der reuzen troch Kulturele Haadstęd Ljouwert, sa grut as flatgebouwen.

Mar de akteurs Freark Smink en Theo Smedes binne ek tsien jier âlder wurden en dęrmei binne de karakters dy’t sij no spylje riper wurden, it is mear trochlibbe.

Ferhaal
It ferhaal mei dan oanpast węze, hjir wat skrast dęr der wat bij. Mar it wie en is it skript fan masterferteller Romke Toering. Allinne is Jos Thie no de regisseur, wylst Toering it yn 2013 noch wie.

‘De Emigrant’ fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas, in emigrant, dy’t sechstich jier lyn haljetrawalje nei Kanada emigrearre. In ferlerne leafde is de grutste reden om de oerstek te meitsjen. Dęr yn Kanada bout Sybolt de Haas in goedrinnend boerebedriuw op. Yn al dy jierren giet Sybolt net werom nei Fryslân. Mar syn sizzen ‘ik ha myn hiele libben űnwennich west’, seit in soad, sa net alles. Nei 60 jier giet Sybolt dochs nei Fryslân werom. Hij makket de belofte oan syn twa jier lyn ferstoarne frou dęrmei wier. Syn frou dy’t fiif jier lyn mei harren soan Klaas oars al yn Fryslân west hat, tidens Kulturele Haadstęd. It is ien en al dramatyk.

De libbenslange wrakseling fan wa’t hij eins is as emigrant spilet net swak bij. De reis werom nei Fryslân wurdt foar de emigrant oan alle einen en kanten konfrontearjend. It fuortgean is hast identyk oan seschtich jier lyn. Konfrontearjend is allyksa it petear dat er mei in sjoernalist fan GrootSneek hat. Dy konfrontaazje tusken in Fryske emi- en in Marokkaanse ymmigrant, dy’t beide wrakselje tusken twa wrâlden jout djipgong oan it stik. Binne se beide net geloksikers? Hoe aktueel is dy fraach!

At Sybolt yn Fryslân werom is wurdt hij op’e nij konfrontearre mei syn ferline. It wie sechstich jier lyn net allinne de ferlerne leafde dy’t oanlieding wie om nei Kanada te emigrearjen, it wie ek de komplisearre ferhâlding tusken him en syn broer Klaas. Allemachtech wat kinne dy mannen flokke, it gvd wurdt bij harren in stopwurd. It skynt dat ynwenners fan Easterlittens en Baard as eksters flokke kinne!

Nei de konfrontaazje mei it ferline wurdt Sybolt de Haas nochris konfrontearre met de winsk fan soan Willem dy’t de omkearde reis fan syn heit meitsje wol: Werom nei Fryslân.

Sybolt is der dan nei 60 jier(!) achter kaam dat syn eigen âld-doarpsgenoaten en famylje him besoademitere ha en net sa sunich ek. Net te leauwen, mar troch de oerstjűging wermeit de Emigrant ut fertelt moat syn públyk it wol leauwe.

In fenominaal moai stik, spile troch Freark Smink, Theo Smedes én Amin Ait Bihi dy’t alle trije in fin mear as in bears ha. De komposysjes en muzyk fan Clara Rullmann, foegje ek nochris wat ta oan dizze ymponearjende foarstelling.

Wa’t it justerjűn mist hawwe: Sjoch hjir foar nije kânsen, https://www.pier21.nl/voorstelling/de-emigrant-2023