|
|
16 november om 19:06 |
|
Moai nieuws foar Arjan Hut én Fryslaan
Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân: "Twivel is in goede basis"
Arjan Hut is de kommende jierren Dichter fan Fryslân en nimt dęrmei de pinne oer fan Sigrid Kingma. Oan de Ljouwerter de taak om syn Fryske poëzy út te struien oer ús provinsje. "As bern wie ik al oan it tekenjen mei wurden."
Yn de Stadskas fan it Explore the North-festival is Hut tongersdei ta Dichter fan Fryslân slein. De kommende twa jier skriuwt er seis oant tsien gedichten, by foarkar yn it Frysk. Hut (47) wit noch net hoe't er syn poëzy presintearje sil. It is dan ek foar neat dat it tema 'twivel' geregeld weromkomme sil yn syn wurk.
"Ik tink dat twivelje in goede basis is. Sa joust dysels de romte om te feroarjen: weromkomme op watst earder tochtst", seit Hut. "Boppedat sjochst twivel op sawol mikro- as makronivo. De wearde derfan wol ik yn gedichten jitte."
De Dichter fan Fryslân is in inisjatyf fan de Provinsje Fryslân. It doel is om op dizze wize Fryske poëzy by de bewenners te bringen. Dat gebeurt oan de hân fan seis oant tsien gedichten it jier en ferskate optredens.
By foarkar binne se ynspirearre op aktuele gebeurtenissen of opfallende mominten yn de provinsje
Dichters fan Fryslân wiene oant no ta Eeltsje Hettinga (2017), Nyck de Vries (2019) en Sigrid Kingma (2021). Wol wit Hut dat er de poëzy yn nije foarmen foar it fuotljocht bringe wol. "Byldzjende tekst yn in museum, of in saneamd 'twivelsympoasium'. It binne serieuze opsjes."
Mar alles oer de kop smite fynt er net nedich. In tal ideeën fan Sigrid Kingma hâldt er dęrom graach yn libben. "Tink oan it dichterskafee, ien kear yn de moanne yn Tresoar. Of de foardrachtswedstriid Fryske SLAM!. Geweldige inisjativen." Yn 2018 waard de Dichter fan Fryslân yntrodusearre. Doe koenen kânshawwers harsels kandidearje. De kearen dęrnei socht in sjuery sels nei poëtyske pearels. Dit jier foel it each op Hut.
Mei dizze titel ha ik mear slachkręft en berik ik in folle grutter publyk
Goed twa wiken lyn krige er in telefoantsje. Bliid, mar ek fernuveren, hearde er it foarstel oan. "Myn foargongers krigen in stik earder berjocht. Ik tocht dęrom earst: se freegje me om wat foar te dragen by de bekendmakking fan de nije dichter. Mar no bin ik dy persoan dus sels."
"Ik bin gelokkich mei dit poadium. Earder kaam myn wurk mei wat útjeften en social media nei bűten ta. Mei dizze titel ha ik mear slachkręft en berik ik in folle grutter publyk."
Hut is yntusken fergroeid mei syn pinne. Nei syn stúdzje Frysk gong er űnder mear oan de slach as stedsdichter fan Ljouwert, publisearre er yn ferskate blęden, brocht er bondels út, wurke er foar Omrop Fryslân, en wie en is er noch hieltyd dosint op de skriuwersfakskoalle.
Dichte oer ierpels
Hy fertelt dat de űnderwerpen fan syn gedichten nochal útienrinne. Hut skriuwt nammentlik faak yn opdracht. "Ik krij in űnderwerp mei, en dęr moat ik my mar mei ręde. Sa skreau ik op in dei oer ierpels, omdat stichting De Bildste aardappelweken by my oankloppe."
In opdracht jout him kaders en in deadline. In noflike wize fan wurkjen, fynt Hut. Oars bliuwt er mar 'trochprutsen'. "Yndie, fanwegen de twivel."
Kinst wat kreëarje, sűnder mei wa dan ek te oerlizzen.
Węrom't er dichtet, wit Hut net. Mar syn drang ta formulearjen driuwt him alle kearen wer achter de skriuwerstafel. "As bern wie ik der al mei dwaande. Tekenje, mar dan mei wurden. Ik fűn it fuortendaliks geweldich", seit er, om deroan ta te heakjen: "En kinst wat kreëarje, sűnder mei wa dan ek te oerlizzen."
Hut syn poëzy past net yn in hokje. "Ferskate soarten teksten rinne trochelkoar. Fan sprektalich ta byldzjend." In boadskip deryn ferwurkje fynt er net nedich. Wol is der romte foar wat engagement. "Sjoch it as meditaasje mei in űnderwerp."
Yn frijheid skriuwe
As Dichter fan Fryslân besiket Hut de ferwachtingen fan him ôf te skodzjen. Him frij fiele, dat hat er him as doel steld. "In skoftke werom frege ik mysels ôf: 'Hoe soe ik skriuwe as ik mei gjinien rekken hoech te hâlden?' Nei't de provinsje my belle, besleat ik om krekt te dichtsjen sa't ik sels woe. En dat is nij foar my."
"Meastentiids fiel ik de oanstriid om moaie sinnen op rym te setten, of koart en kompakt te formulearjen. Ik hâld dan rekken mei myn publyk. Dęr wol ik fan ôf. As ik it moai fyn, soe dat genôch węze moatte. Mar goed, sa wurket it faak net hielendal", seit Hut.
Neffens him bliuwst altyd yn in soarte spanningsfjild: wat wolst sels en wat freget it publyk?
'Is mar in gedicht' "Oan de oare kant, wat de ien graach lęst, fynt de oar mar rotsoai. Boppedat moatst altyd relativearje: it is mar in gedicht. Ek ast Dichter fan Fryslân bist. Hast gjinien op strjitte hat it deroer", seit Hut. "Al dat soe dat wol ris moai węze."
Bron: Omrop Fryslân Foto is fan Marchje Andringa
|
|