|
|
1 desember om 18:57 |
|
By de Afűk is ferskynd: de fjirde printinge fan ‘Jip en Janneke yn it Frysk’
De tredde printinge fan Jip en Janneke yn it Frysk wie al in skoft útferkocht, mar it is de Afűk slagge om de fjirde printinge noch krekt foar Sinteklaas ferskine te litten. Utjouwer Ernst Bruinsma: ‘Wy hawwe mei it each op de konstante belangstelling foar dit klassike berneboek op ′e nij in grutte oplage printsje litten. Dęrmei komme wy yn totaal op 7.000 ferskynde eksimplaren fan de Fryske Jip en Janneke.
Foar in Frysk boek is dat fansels in geweldich grut sukses.’ Yn de Fryske Jip en Janneke binne alle aventoeren fan diel 1 oant en mei 5 fan de ultime beukerfreontsjes byinoar brocht. Fan ‘Jip en Janneke boartsje tegearre’ oant ‘Dach Jip, dach Janneke!’. De yllustraasjes fan Fiep Westendorp binne yn swart-wyt én yn kleur.
Boekgegevens Jip en Janneke yn it Frysk Auteur: Annie M.G. Schmidt Yllustraasjes: Fiep Westendorp Oersetter: Ytsje Steen-Buwalda Foarmjouwing: Boudewijn Boer ISBN 978 94 92176 38 7 Frysk, ynbűn, 352 siden Ferkeappriis: € 29,50 Afűk, Ljouwert 2023 www.websjop.afuk.frl
|
|