|
|
28 desember om 19:07 |
|
Aparte dagen
De dagen tussen de kerst en Oud & Nieuw fyn ik altyd mar un bitsje núter, had fandaach ok helemaal nyt ut gefoël dat ut donderdach was.
Fanmňrren in’e spňrtskoal weest, bitsje op su’n moderne hometrener sitten mar foarnamelek koffydronken met Frits R. en Age B en. Lume P. Hoe ouwer at we wurde, hoe sterker de ferhalen. Ok in dizze tussen-in-dagen ken ik ut nyt late en gaan even naar kantoar, ok dęr alle tiid foar slap ouwehoere.
Fandaach sat De Moanne, tydskrift, ok bij de post. Ferder nňch nyt an toekommen. Fanavend naar júbileumkonsert fan’e Kast in Theater Sneek.
Kňrtom ut leven liekt op dit moment wel één groate doedelsak. Mar foar je ut wete komme der wear andere tiden.
Fryske literatuer & Baukje Wytsma
Noch altyd folgje ik de Fryske literatuer op’e foet, skriuw amper mear yn it Frysk. Myn kreatieve públikasy’s binne hast allegear yn it Snekers/Snitsers. Wyltst ik fannemiddei wat yn boeken om site te sneupen, rűgelen der samar in moaie foto fan Baukje Wytsma út. Moarn al in jier net mear űnder ús. Dizze foto is makke bij ús yn’e ‘koffykeamer’ fan ’e Van Haersma Buma Skoalle. Foto sil sa’n 30 jier lyn nommen węze. Wat dat oangiet ha ik in ryk argyf fan brieven, foto’s, boeken mei opdracht en gean sa mar troch. Ja, ek manuskripten fan ‘bekende’ Frysktalige auteurs, dichters en proazaskriuwers.
Baukje wie der tegearre mei Akky van der Veer, ek al net mear yn dit ‘ondermaanse’ foar in foarstelling. Ik die altyd in hiel soad oan jeugdliteratuer mei de bern. Elke dei standert mei in fers foarlęze, boejkeposters yn’e klas, skriuwers útnoegje ensf.
It skynt dat it hjoed-de-dei in probleem is om bern oan it lęzen te krijen, it sil. It wiene foar mij altyd de mominten dy’t der ta diene. Dy foto fan Baukje hellet dy werinnerings allegear wer nei boppen. ‘k Hie regelmjittich kontakt mei Baukje.
|
|