dagboek > overzicht
Dagboek april 2024Bekiek hele maand 
 
10 april om 20:18
 
Even fastlęge...





Ut is amper te loven, hoe dom Johan Derksen, tegare met dy Albert V. gisteravend doënde waren. Eigenlek gyn woarden foar. Omrop Fryslân deed ut tňch en dat nim ik hier graach over. Al was ut allienech mar om ut fastlęgen fan dergelek stompsinnech praat. Laat dy nyt opnaaie Hab!

Polityk falt oer 'rasistyske útspraken' Johan Derksen oer Habtamu de Hoop

Utspraken fan Johan Derksen oer de Fryske identiteit fan Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop feroarsaakje in weach fan lilke en fernuvere reaksjes. Ek De Hoop sels hat yntusken reagearre. "No Johan, ik bin Frysk."

Yn it programma Vandaag Inside gie it oer it feit dat der 18 miljoen euro útlutsen waard foar it befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer. Der waard in fragmintsje toand węryn't De Hoop dęr optein op reagearret.

"Hij staat hier uit zijn nek te lullen", sei Derksen nei it fragmint. "Iemand die in Friesland geboren is, heeft het recht om er zo over te praten. Hij is toch geen Fries."

Presintator Wilfred Genee brocht noch yn: "Maar hij is geadopteerd door Friese ouders." Foar Derksen makke dat neat út: "Hij is toch geen Fries, kom op zeg."

Yn de studio waard lake. Genee sei noch: "Maar hij spreekt het echt heel goed." Węrnei't Derksen antwurde: "Ik ben toch ook geen Surinamer?"

Rasisme

Op ynternet reagearje in protte minsken lilk op de wurden fan Derksen. In soad minsken fine de útspraken rasistysk.

Under harren D66-fraksjefoarsitter Rob Jetten, demisjonęr minister fan Ynlânske Saken Hugo de Jonge en GroenLinks-PvdA-lieder Frans Timmermans. Ek âld-PVV-Keamerlid Harm Beertema nimt it foar De Hoop op.

Boppedat sprekke Fryske politisy harren űnfrede út. NSC-Keamerlid Aant-Jelle Soepboer neamt de útspraken fan Derksen "lossinnige űnsin." En PvdA-Steatefraksjefoarsitter Edou Hamstra seit: "Suver rasisme. Freeslik beskamsum."

De Hoop sels kaam ek mei in reaksje op X, it eardere Twitter, dęryn rjochte hy him streekrjocht ta Derksen. "No Johan, ik bin Frysk. Ik bin opgroeid op in buorkerij yn Wommels. Grutbrocht troch twa Fryske âlders."

No hopet De Hoop as Keamerlid wat werom te dwaan foar de kânsen dy't hy krige, seit hy yn it filmke. "Om hiel earlik te węzen haw ik net safolle tiid en sin oan dizze flauwe kul. Dus asto it goed fynst, gean ik wer lekker oan it wurk."

Tűmba krijt meldingen

By anty-diskriminaasjeburo Tűmba binne nei oanlieding fan de útspraken fan Derksen al meldingen binnenkaam. Mirka Antolovic fan Tűmba jout oan dat se oan De Hoop frege hat oft hy oanjefte dwaan wol.

Steatelid Jaap Stalenburg fan de PvdA is skrokken fan de wurden fan Derksen. Hy hat by de partijtop oanjűn dat hy fynt dat de saak heech opnaam wurde moat.

Derksen űntkent dat der sprake is fan rasisme

Derksen sels is him yntusken fan gjin kwea bewust. "Wat je ook zegt tegenwoordig, er wordt altijd wel racisme bij gehaald, of antisemitisme of homofobie", seit hy tsjin it AD.

Neffens him hat it neat mei rasisme te krijen. "Wat een onzin. Hier stond geen geboren Fries te praten, maar mijn punt was dat ik het belachelijk vind dat er 18 miljoen euro naar de Friese taal gaat in een tijd dat er zoveel bezuinigd moet worden."