|
|
1 febrewary om 11:26 |
|
" Eelke Lok presintearret in nij boek:
Polityk yn Fryslân
Op moandei 5 febrewaris 2007 wurdt it earste eksimplaar fan Polityk yn Fryslân oanbean oan de Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân, Ed Nijpels. It boek is skreaun troch sjoernalist Eelke Lok dy’t troch freon en fijân beskôge wurdt as de meast saakkundige op it męd fan de Fryske polityk. Lok hat in prikkeljende analyze skreaun fan de Fryske (steate)polityk, dęr’t er net mijen yn is.
Eelke Lok folget as sjoernalist al sűnt 1975 de Fryske polityk en hat dęrmei in soad steateleden, deputearren en Kommissarissen foarby kommen sjoen.
Hy analysearret de űnderwerpen en űntwikkelingen fan de lęste 30 jier en sjocht foarút nei de takomst. Hy leit út hoe’t de besluten naam wurde en docht dat oan de hân fan praktykfoarbylden: it streekplan, de sweeftrein, de Wâldwei, de wrotműs. En it Frysk fansels, want al hat de provinsje net safolle te sizzen, oer taal wurd lang en breed praat yn de Fryske polityk. As jo dit boek úthawwe, witte jo hoe’t de Fryske polityk yn elkoar sit.
Plak: (tydlik) Provinsjehűs, Snekertrekweg 1/ Ljouwert
Tiid: 15.00 oere "
Dit persbericht kreech ik krekt fia de mail toestuurd fan de ' warbere ' mannen fan útgeverij Bornmeer. Of Eelke Lok ok werklek de ' saakkundige op it męd fan de Fryske polityk ' is kan ik nyt beoardele, dęr foar sit ik te min in de polityk. Mar dat Lok un sjoernalist met un eige( wize ) fizy is, dy stelling durf ik wel an. Ik mach ut orakel fan de Gaastmar graach hoare!! Felisiteard met ut boek Eelke! Fanmiddach druk met skriëven en fanavend met fergaderen. Dry kear rade węr ik ut meast nocht an hew... |
|