dagboek > overzicht
Dagboek júly 2024Bekiek hele maand 
 
6 júly om 16:34
 
Herdruk Pake Sytse klassiker fan Rink van der Velde





Pake Sytse is in klassiker yn it wurk fan Rink van der Velde (1932-2001). It is de bjusterbaarlike histoarje fan Sytse Cavelier, dy’t as jongkeardel samar ferdwűn. It ferhaal wurdt ferteld troch pakesizzer Jehannes.
‘Pake is jong weirekke, sa waard letter sein as it te praat kaam en wy ús mem of beppe fregen węrom’t der net in pake by ús beppe wie. De rike Fryske taal stelde harren yn steat om de wierheid achter te hâlden sűnder dat men it ligen neame koe.’

Fjirtich jier letter is pake Sytse ynienen werom. Hy set him ta wenjen yn in âld wenskip yn it romme fjild fan De Deelen, tusken De Tynje en Aldeboarn. Dęr is er begűn en dęr wol er de ein besile. Dat soks hjoed de dei net mear kin, wol him mar min oan. As er foar it ferstân krijt dat er de slach ferlieze moat, docht er syn dingen.