dagboek > overzicht
Dagboek júly 2024Bekiek hele maand 
 
25 júly om 15:55
 
Skriëver dichter Willem Abma overleden





Skriëver/dichter Willem Abma ( syn pseudonym was Daniël Daen) is eargister overleden, su las ik fandaach op’e Omrop Fryslân-site. Langsamerhaan ferdwynt de ene na de andere auteur/dichter út’e Fryske Lettertún. Su’n 25 jaar leden was ik aardech aktyf in’e Fryske literatuer en had un soad kontakten met Frysk-skriuwende dichters en skriëvers. Nòch altyd bewaar ik feul haanskreven briëven, kaarten en andere paperassen fan’e groatheden út’e Fryske literatuer.

Ok fan Willem Abma. De laatste jaren fòlch ik nòch altyd wat der in’e Fryske literatuer te rêden is, mar self bin ik nyt mear aktyf as Frysk dichter òf Frysktalech prozaïst. At ik siën wat ik un kwart eeuw (‘fearnsieu’) leden allemaal wel nyt ouskreven hew. In myn argyf tròf ik ok un lang Trotwaer-interview met Willem Abma an. Dat públisear ik fandaach as earbetoan an Willem hier nòch mar us. At 1 òf 2 ut leze, het ut doël hat!

Willem Abma dy't mij oait us opslúte wú in syn studearkamer....

R.I.P. Willem!

Willem Abma: Distânsje is foar my it biedwurd wurden

As ik op tiisdei 5 septimber 2000 yn 'e bibleteek fan Koudum de skriuwer/dichter Willem Abma (58) in ynterview ôfnommen ha, freegje ik him nei ôfrin in opdracht yn Te fûnling te skriuwen, doe noch syn nijste bondel (1999). Abma krijt syn pinne en foldocht oan myn fersyk: ‘Yn Koudum wie de waarmte dy't men net misse kin.’

Mei passy draacht Abma foar út syn nijste wurk. Iepenhertich jout er antwurd op myn fragen. It folk yn 'e seal hinget him oan 'e lippen en achterôf baal ik der fan dat it petear net opnommen is. Abma is lykwols ree om mei te wurkjen oan in ynterview foar Trotwaer. Hij docht mij in útstel om dat te dwaan yn de foarm fan in soarte fan performance yn fjouwer stappen:

‘1. De bondel Kuiers of definysjes fan in ik, dy't koartlyn presintearre waard, te lêzen. 2. Swijend in kuier fan ien of twa oeren mei my te meitsjen troch De Griene Stjer. Healwei soe ik dy dan in fers út de bondel foarlêze kinne dêr't De Griene Stjer as kuiergebiet in rol yn spilet. 3. Oanslutend swijend in fytstocht fan in oere oer Alddiel, Louwsmarwei en Lytse Geast te meitsjen. Healwei soe ik yn fersfoarm myn leafde foar de ko belide kinne. Myn grutte leafde foar de ko as metafoar fan feiligens spilet in rol yn Kuiers of definysjes fan in ik. 4. Dêrnei soe ik dy “opslute” op myn studearkeamer. Dy dêr ynbouwe mei poëzij dy't my leaf is en dy myn essay “Odyssee en queeste, zwerftocht en zoektocht, uiterlijk en innerlijk” fersykje te lêzen.’

Foarearst gean ik net op Abma syn foarstel yn, mar lis him àl in tal fragen foar. Foar it beäntwurdzjen lûkt er alle tiid út. It stilswijen wurdt nei jierren ferbrutsen.

Ik ha de arena ferlitten. Gjin polemyk mear. Ik ha murken dat de polemyk him net ferdraacht mei myn wêzen. Begjin jierren njoggentich haw ik in rige polemyske fersen skreaun. Yn it earste skift fan Te fûnling is dêr in part fan opnommen. Dêrnei is it oer. It fers ‘Werwurd’ wurke befrijend en is dêrom ek in slotwurd.


As oaren elkoar de grûn yn wâdzje, belibje ik dêr gjin wille oan. Myn appresjaasje fan W.F. Hermans bygelyks is net mear dy fan foarhinne. Sjoch ik in foto fan dy man, dan begruttet it my suver om him, al dy ûnfoarstelbere ferbittering om 'e mûlshoeken. Dêr komt by dat foar my it biedwurd distânsje wurden is. It skreaune wurd sels is it wurk. Lit dêrom it wurd it wurk dwaan en it wurk it wurd.


Wat brocht my ta dy distânsje? Lit my gjin nammen neame. Ik ha de arena ommers ferlitten. Mar ik fersykje dy om sels in blomlêzing gear te stallen fan markante c.q. ferneatigjende útspraken út kritiken dy't ik sûnt 1973 hân haw op myn wurk. Dan krijst antwurd op dyn fraach. Wêrom sil ik my dêr langer oan bleatstelle? Ik hie der gjin nocht mear oan om der yn mei te draaien troch it te ûndergean en werom te slaan. Stadich waard ik ta in nulpunt redusearre. Yn kritiken waard ik ôfskildere as in prutser, myn wurkbeurs waard ta nul werombrocht, addisjoneel honorarium waard wegere, it Literair Produktie- en Vertalingenfonds wegere útjeftesubsydzjes. Oer de hiele liny bliek ik behalven ûnbetsjuttend as skriuwer in ek nochal abjekt persoan te wêzen.

Dan komt it der op oan. Joust dy dêr by del as werklik alle befêstiging weifalt of giest troch? Oaren krije dy net op, silst it sels dwaan moatte. It is in útdaging om as alles oan dyn omjouwing ôfwizing liket dy net it swijen oplizze te litten. Ek al hast dêr in seker isolemint foar nedich.


Werwurd


bliuw mei dyn dwylsin fan myn fersen ôf

fan dat wat my it dierberst is

ja, hoe pathetysk ek: in libbensplicht

(ik neam it sa om't ik sûnt Slauerhoff

net wenje meiyn in gedicht)



dyn maniakale moker fol amok

sloech blyn satanysk yn op 't reach

dat tear en fyn in libben spûn:

persoan en poëzij ta web ferbûn

al wat ik wie, it moast kapot



mar, freon, do bist myn fijân net

al bin ik blykber dinen;

ik fiel dyn dwylsin en dyn pinen

dat fijânskip oan freonskip stjert

wy witte beide, do en ik

dat watst ferniele woest

net wiene my en poëzij

mar wat it wekker rôp yn dy

De briefwiksel mei, mar mear noch de persoan fan Philippus Breuker is foar my enoarm stimulearjend. Oer de ynhâld fan in brief praatst net tsjin tredden. Dat is net korrekt. It feit fan de brievewiksel wyt stadichoan elkenien fan. Dy duorret no trije jier. Wy sizze elkoar de wierheid, sparje elkoar net, mar alles ferrint yn grutte konstruktive freonskip. Dat is fuort ek wat ik mis yn literêr Fryslân: konstruktive krityk dy't net op 'e man spilet.


Fan kritiken hoech ik neat te ferwachtsjen hat bliken dien. Ik lês dêrom al jierren gjin kritiken op myn wurk mear. It ynteressearret my net mear. Ek net as se posityf wêze soene. De praktyk wiist wol út dat ik net skriuw om de befêstiging en it net lit om de ôfwizing. Dan hie ik al lang neat mear op papier set. De Gysbert Japicxspriis [1973] wie yn 't earstoan in stimulâns, mar waard stadichoan mear in obstakel omdat ik by in oantal minsken sûnt gjin goed mear dwaan koe.


Neist Philippus Breuker is der in twaddenien dy't stimulearjend foar my is. Dat is Goasse Brouwer, myn útjouwer. Hy hat in eigen stâl fan skriuwers dy't er oer alle boegen mei leafde hoedet en noedet. Sa as Bert Bakker dat foarhinne die. Breuker en myn útjouwer binne yn literêr Fryslân de iennichsten mei wa't ik kontakt ûnderhâld. It is goed sa. It is genôch.


Poëzij is foar my persoanlik fan in heger oarder as proaza sa't muzyk, Bach en Mozart bygelyks, foar my fan in heger oarder is as poëzij. Spitigernôch kin ik muzyk allinne mar passyf belibje. Hie it my jûn west om fioele te spyljen, ik hie wierskynlik noait in gedicht skreaun. Mei de saksofoan is de fioele it ynstrumint dat prate kin, de taal fan de siele dy't djipper trochkringt as hokker wurd yn in gedicht ek. De fioele is dêrby noch fijner as de saksofoan.


Gefoeliger


Wol ik my útdrukke dan haw ik inkeld de pinne ta myn foldwaan. Skriuwen is foar my te wichtich. En wêrom? Want it makket my selden gelokkich; as ik der mei dwaande bin net en as ik it dien ha net. Mar as ik net skriuw, bin ik noch minder gelokkich. Blykber slút it dochs oan by wat yn myn inerlik libbet. Oft ik no wol of net, der is in soarte ferlet om te skriuwen.


It ultime fers skriuw ik net, libje ik net, mar stjer ik as ik de lêste siken útblaze sil. Do wytst dat siken en siele yn in soad talen itselde wurd foarmje. Nim it Hebrieusk dat foar beide begripen it wurd nefes brûkt. It ultime fers wurdt dêrom stoarn, net libbe of skreaun. Dêr't azem en siele gearfalle ta in uterste, lêste, it sublime sa't Longinus yn syn traktaat oer it sublime bedoelt.


Der is lykwols in fers dat se my yn it sin bringe meie. Dat is ‘Heechsân’ út de bondel Dieden [1986]:

Heechsân

hjir riuwe ieuwen har ta ivichheid

doarmet de oertiid oer it âlde paad

de tiid lûkt spoaren ûnfergonklikheid

hjir bernet oarsprong út it eigen skaad



ramten fan beamwâl om greide en kij

hâlde finzen de skientme yn it kwadraat

mar bûn oan gjin grinzen en ûnbeskaat

fleane flinters it niis beheinde frij



tsjin dit dekor in pearke hân yn hân

flijt him dêr del en pearet yn it sân

en it ivige yn wat flitst, hâldt stân

wat kin in hân mear hâlde as in hân?

Safolle ieuwen yn ien eagenblik

Hjir tusken de beamwâlen fan Heechsân


Ik ha my ûnder oaren ynspirearje litten troch Wislawa Szymborska. Wat my yn har wurk oansprekt is dat ienfâld in briljant poëtysk gehalte hawwe kin; dat it ûnsin is om te ferkundigjen dat poëzij kryptysk wêze moat om kwaliteit te hawwen. Wislawa makket alle ûnbegryplike heechdraverij mei har briljante ienfâld yn ien kear oerstallich. Se wjerleit it.

Folle mear bin ik lykwols ynspirearre troch de Sweedske dichters Tranströmer en Gustafsson. Der binne noch mannich oaren, ik neam Pessoa en Drummond de Andrada. Fryske dichters dy't ik bewûnderje binne Spanninga, Tamminga en Wytsma en Breuker bringt my tichter by Obe Postma. Fierders bliuw ik in grut bewûnderer fan Achterberg, Gerhardt, Bloem,
Gerlach, Hertmans, Kopland, Vasalis.


It ferskil tusken it wurk fan Daniël Daen en Willem Abma is rûchwei sein: fan ‘Look back in anger’ nei ‘Sadder and wiser.’ Oait sil der miskien ien wêze dy't it de muoite wurdich achtet dy ûntjouwing te beljochtsjen. It is logysk dat in man fan hast sechtich net mear fersen skriuwt fan in adolescent fan tweintich of in John Osborne-fan fan hast tritich.


Motto, motyf en tema fan Kuiers of definysjes fan in ik [de begjin novimber by Utjouwerij Frysk en Frij ferskynde bondel] is it idee dat de minske dy't kuieret troch libben en lânskip, komponearret. Hy komponearret de kuier dy't er docht en hy komponearret it lânskip dat er sjocht en feroveret mei syn kuier. Fanselssprekkend giet it hjir sawol om in inerlik as uterlik lânskip. En dêrmei komponearret er ek himsels. En mei dat alles jout er definysjes fan himsels.


De earste wiffe stap en de lêste wisse stap, dy fan de dea, en de stappen dêr tuskenyn, odyssee en kweeste, inerlik en uterlik, swerftocht en syktocht. It giet yn dizze bondel om proazagedichten, in sjenre dat my fral by Zbigniew Herbert tige oansprekt. Lês syn sammele fersen der mar op nei.


Folsgeare is tige wichtich. Dêr bin ik programmearre foar myn lettere libben, dêr kom ik noait los fan, dêr gean ik ek wer hinne as ik dea bin. Folsgeare giet my troch moarch en bonken, sit my yn ieren en sinen. Slaan de fersen dy't direkt of yndirekt oan dat doarpke wijd binne, der mar op nei.

I

Op in reed. Immen. Sylhûet yn beweging.

Dize hinget him yn flarden by de hûd del.

Flues fan kontoeren dat him krekt net ferskine lit

In read opgloedzjen ferriedt in ûndergean fan

sinne-omgong. Unsichtberens. Rinnendewei lykop

stadich tsjusterjen dat beweging opslokt.



Hy jout him del by de daam. It fallen fan 'e jûn.

Splinters yn in skeve lânhikke.

Under him brûst wetter troch oplutsen skuven.

Glinsterjende jildstikken, nee fiskjes,

sjitte fuort oer de drompel fan de dei.



De nacht komt mei de wjukslach fan in fûgel dy't er

net ken, syn byltnis yn skerpe fûgeleagen meinimt.

Lutsen út it ljocht. Willeas foar de nacht. Proai.

IX

Yn it lânskip pleatsen mei hôven dêr't

grêften omhinne rinne. Hege wâlen mei

stammen dêr't ûnbidige krunen út oprize.

Dy't de pleatsen oan it each ûntlûke.



De daam oer de homeie troch:

eat dat ieuwenâld is, leit te

slûgjen op in ynbannich hiem.



Hy krûpt de ieuwen oan yn in ko dy't

stadich en nijsgjirrich oankuierjen komt.

As ik op de lêste fearnsieu weromsjoch falt my op dat der sprake is fan twa poalen: in hichtepunt en in djiptepunt. Tusken de Gysbert Japixcpriis fan 1973 en it jier 1999, doe't in ûnbehearskbere stream fan ôfwizingen op myn paad kaam. Dêr tuskenyn in proses. Hoe hantearrest sa'n probleem dêrst ek sels in oandiel yn hast? Want, dêr is gjin twivel oer. Ik haw keazen foar distânsje dy't my bytiden in eufoar gefoel jout fan los en ûnôfhinklikens.

Is dan it yngean op dyn fersyk ta dit ynterview net ynkonsekwint? Nee, want ik kies foar distânsje en net foar in type isolemint sa't Salinger dat hat. ‘Die Tat ist alles, nichts der Ruhm’, moat Kant sein hawwe. En Longinus seit op side 29 fan syn traktaat oer it sublime:


‘Neat is werklik grut as it ferachtsjen derfan grut is: rykdom bygelyks, earbewizen, reputaasjes, machtsposysjes en al it oare dat eins ien grutte fertoaning neamd wurde kin. Al dy dingen sille yn 'e eagen fan in wiis man net útsûnderlik weardefol wêze, want krekt it lytsachtsjen derfan is fan bysûndere betsjutting. Folle mear as foar minsken dy't sokke dingen berikke, hat men respekt foar dyjingen dy't se wol berikke kinne mar út gruttens fan geast ferspije.

Sa is it eins ek mei sublime poëzij en proaza: ek dêre moatte wy neigean oft wy miskien net te meitsjen hawwe mei in fertoan fan yndrukwekkendheid dêr't in soad oan fêst sit dat der foar de gelegenheid mar by skuord is en, neier besjoen, gewoan gjin ynhâld blykt te hawwen. Soks fertsjinnet earder minachtsjen as bewûndering. Want ús siele ferheft him, ûnwillekeurich, troch wat werklik sublym is. Se nimt in hege flecht en wurdt fan freugde ferfolle, freugde en grutskens, as hie se wat se hearde sels makke.’


Dat sprekt my tige oan. Dêr hâldst it mei út. Miskien moat ik efterôf besjoen myn ferspijers wol tankber wêze om ta sok ynsjoch te kommen. Dit ynterview bygelyks. As it pleatst wurdt, is it bêst, mar as it der net komt, is it ek bêst. Ik bin fanwege dy foar my needsaaklike distânsje, gjin abonnee op Trotwaer of Hjir, gjin lid mear fan it Skriuwersboun, it Literêr Histoarysk Wurkferbân of it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Ik sil dit ynterview net út mysels mear ûnder eagen krije. It is sa wol goed.

Wat is in fers fan in Frysk dichter mear as in speet yn in amer molke en lost ek de dichter sels net op, wurdt er net wei yn it eigen lânskip? Wat soe er dan betsjutte yn grutter ferbân? Ast mei súkses debutearrest, setst alles by it skriuwen allinne op; it is part fan en foarmet dyn identiteit. Do giest fan hichtepunt nei hichtepunt. Sa bliuwt it net. It makket dy tige kwetsber. Yn 1999 siet ik as Job op 'e jiskebult. Doe kamen syn trije freonen Elifaz de Temanyt, Bildad de Sjûchyt en Sofar de Naämyt en sjoch: yn 2000 kearde it tij ûnferklearber en ûnomkearber. Sela!

Yn safier't skriuwen helpt my te ferwurklikjen, haw ik ambysjes. Foar mysels en net om oaren. It soe in misferstân wêze te tinken dat ik oergeunstich bin sa't ik noch net sa lang lyn út Súd-Frankryk opfong. Ik gun elk syn literêre súkses. Súkses is moai op it momint. Op langere termyn hat it syn falkûlen. Dy krijst der ier of let op ta.

Kollegaskriuwers: alle súkses mei jimme krewearjen en lit my mar mei rêst.