dagboek > overzicht
Dagboek augustus 2024Bekiek hele maand 
 
7 augustus om 18:46
 
‘Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen’ nije bondel fan Freddie Scheltema





SNITS- Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysűndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn ‘Kastraasje’.

Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer ‘De skieding’ en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy’t as tiidferdriuw gręfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor.
Want der mei bęst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lęze wollen foar syn boekelist. Dęrom begűn hy sels mei skriuwen.

Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.

Verschijningsvorm:Paperback; Taal: Fries; Uitgeverij: Uitgeverij Bornmeer; Aantal pagina's:112; ISBN: 9789464712698; Prijs: €14,90