|
 |
25 jannewary om 12:42 |
|
In Memoriams fan Cor Waringa

Foar mij binne In Memoriams un sjenre dat ik rangskik onder skreven monumentsjes dy’t ik graach leze mach. Fanmňrren kreech ik ‘ter recensie’ de bundel ‘Wei, mar net fergetten’- 139 In Memoriams’ fan Cor waringa toestuurd.
Ondertussen hew ik der al wear un antal fan lezen en ik bin der kear op kear fan onder de indruk hoe’t Cor dit doët/deen het.
In un pr-bericht lees ik dit:
“Omschrijving 139 in memoriams
Tusken 2011 en 2020 betocht Cor Waringa sneintemoarns op Omrop Fryslân it libben fan Friezen dy’t yn dy tiid weirekken. It wiene trochstrings gjin ferneamde lju, mar gewoane minsken. Mar withoefaak die bliken hoe űngewoan oft it libben fan sokke manlju en froulju bytiden ferrűn.
Yn de 139 miniatuerkes dy’t yn dit boek opnommen binne folget de skriuwer har op har wei troch it libben en krijt de lęzer tagelyk in byld foar eagen fan de maatskippij dy’t mei de tiid feroare. Foar de brijkarre kaam de supermerk yn it plak en der kaam in tiid dat in arbeidersjonge trochleare koe foar dominy of dokter. Guon giene mei har tiid mei en oaren holden fęst oan it âlde. Węr kamen se úteinlik telâne troch har mismoedigens, har eigenwizens, har tefredenheid, har beheinings of har sucht nei aventoer? En as de ein yn sicht kaam, hoe giene se dęrmei om?
Cor Waringa (1944) groeide op yn Aldeboarn, studearre yn Amsterdam skiekunde en yn Kampen teology en wie dominy yn Drylts, Ljouwert en op ’e Jouwer.”
Ik sal al dy 139 levensmonumenten leze, omdat ik ok respekt hew foar levensferhalen. Un antal fan de minseferhalen dy’t Cor in dizze bundel bij elkaar brocht het, binne mij bekend.
Der is selfs eentsje węr’t un regel út un I.M. fers dat ik foar dy persoan skreef útbeiteld staat op syn ( ut was un hij) grafstien. Dęr lope je ferder nyt met te koop, mar bysňnder is ut wel.
Spitech dat ok dizze rúbryk nyt mear bij de Omrop te belústeren fal. Sal ok wel komme deur de 'fernijde programmearing'. Su gaan dy dingen! |
|