|
|
17 desember om 19:55 |
|
Poëzy Elfstedentňcht
Foarege week kreech ik un telefoantsje fan de ňrganisasy fan de Nationale Gedichtendag met de fraach ňf ik ok un fers skriëve wú in ut kader fan de Poëzij Alvestędetocht. Fandaach is ut folgende persbericht naar búten gaan. Ik doën dus met!
" Op tongersdei 31 jannewaris 2008 wurdt foar de njoggende kear de Nasjonale Gedichtedei hâlden. Rűnom yn it lân gűnzet it dan fan aktiviteiten mei poëzij. Yn Fryslân is op dy dei in Poëzij-Alvestędetocht. Yn alle alve stęden wurde ferspraat oer de dei poëzijoptredens organisearre mei dichters, minsken dy’t har favoryt fers foardrage, leafhawwers dy’t fertelle wat har boeit yn poëzij, muzyk en sa mear. It startskot fan de Poëzij-Alvestędetocht wurdt jűn troch Wiebe Wieling, de nije foarsitter fan de Vereniging Friesche Elf Steden, tidens it poëzieontbijt yn de Harmonie yn Ljouwert. Omrop Fryslân Radio sil de dei troch yn koarte stikjes nijs fan de optredens ferslach dwaan.
Tolve dichters út Fryslân skriuwe in Alvestędegedicht Oan tolve dichters út Fryslân is frege om yn opdracht fan Tresoar in ‘trajektfers’ te skriuwen. Sa’n trajektfers hat op ien of oare wize te krijen mei in trajekt fan de Alvestędetocht. It sil foardroegen wurde op it plak fan oankomst fan it trajekt dęr’t it om giet. Oan de ein fan de dei wurde alle gedichten publisearre op it literęr ynternettydskrift www.farsk.nl. Inkelde dichters dy’t meidogge binne de stedsdichters Derwent Christmas, Henk van der Veer en Akke Brouwer fan respektivelik Ljouwert, Snits en Dokkum, Jelle Kaspersma yn Starum en Maria de Groot út Wâldsein yn Drylts. Tsjębbe Hettinga tekenet foar it ‘finishfers’. De dei wurdt organisearre troch lokale komitees yn de mande mei Tresoar. De dichters fan de opdrachten binne útkeazen yn oerlis mei de lokale organsiaasje."
|
|