dagboek > overzicht
Dagboek jannewary 2008Bekiek hele maand 
 
17 jannewary om 15:58
 
Rink van der Velde ( 1932-2001 )

“ Theo sei, dat er even in bak fertelle soe en dy wie sa: der kaam in frommis by de dokter en sei: dokter, it giet oer myn man. Hy wol hjir sels net hinne en dęrom kom ik mar. Dokter sei: wat is der mei jo man? Hju sei: ik kin neat mear mei him wurde, want hy wol suver neat. Dokter sei: dat is net sa moai. En no rekket er fansels syn útkearing kwyt. Mar dęr kin ik neat oan dwaan, hear. Dat frommis sei: sa bedoel ik it net dokter. Hy is sa lusteloas, ik sis wolris: do koest wol heulendal gjin lusten mear ha. De dokter sei: o, is it dat. No, soks is suver neat. Deis trije kear in leppel heidehunich en hy hat mei in fearnsjier wer wip yn de angel. So geseid, so gedaan, mar trije moanne letter is hju al wer by de dokter. Hoe liket it no? freget dy. No, it is sa, dokter, seit hju, hy soemt al wer, mar hy stekt noch net.”

Sumar un begin fan un ferhaal út de bundel kroechferhalen fan Rink van der Velde. Ik hew fanmiddach un resęnsy fan dizze kňrte ferhalen fan Rink van der Velde skreven. Ik bin un liefhewwer fan Van der Velde syn werk. Ik mut der wel earlek bij sęge dat ik nyt un hele seary fan dy short stories achter mekaar lees, dan is ut mij wat tefeul fan ut goeie. Dat hew ik befoarbeld nyt met de kňrte ferhalen fan Hylkje Goďnga. Seit wat fan de kwaliteit fan Hylkje har ferhalen!