dagboek > overzicht
Dagboek maart 2008Bekiek hele maand 
 
16 maart om 15:22
  Akelige FeanhoopFestivalDream





It is july en ut simmert. Boppe it blakstille wetter fan it Grietmansrak dűnsje tűzenen, nee miljoenen tongermichjes. Yn’e fierte rommelt it súnech. Geile tongerkoppen ferskine stadich oan’e loft. It is broeisk. Ik swalkje troch it űnlân. Bliuw sa út en troch stean en sjoch om my hinne. Ik sykje it Festivalterrein, mar fyn it net. In grutte brulkikkert fan omtrint in meter blaast de wangen fol lucht en stjit nuveraardige klanken út. Ik skrik net fan it beest. Węrom soe’k. Ik sykje allinne mar om in feesttinte. Ynienen rint der in mantsje neist my, in freeslik űnsjoch kreatuer. Mei in kreakerige stim begjint er tsjin my te praten.

Soa Van der Veer wolkom wolkom wolkom. Wat sykje jo hjir as Snitser oan de oevers fan it Grytmansrak, freget de grizel fluensk.

Ik bliuw stean en sjoch him oan. Wie binne Jou? Hoe kanne Jou mij? It lytse mantsje begjint te laitsjen en kreaket: Ik bin Theodoar, de Grutte Theodoar. Hearser fan It Grytmansrak. Kening fan de Feanhoop. En Jo Van der Veer binne in adept fan dy freslike Bauke Algra mei dat sturtsje yn’e nekke, út Snits. Jo skreaunen ferline jier sa’n loofjend stik oer dy lawaaimakkers, oer dy heukende boererockers fan Normaal. Mar it is út, it is oer, foargoed foarby. Ik wol hjir ręst. Ik bin hjir de baas, myn wil is wet. Se moatte dwaan wat ik wol. Ik wol in nije jachthaven dęr’t skippen mei jild oanlizze kinne. Mar dy ferrekte Bert Middel wol net om lyk. Hy wegeret. No dan wol ik hjir dat Festival net mear. Ik ha it al jierren sein. Al jierren, heare jo my Van der Veer?

It mantsje raast en kreaket sa lűd dat er him sels net mear ferstiet. Hy liket wol wat op de brulkikkert mei dy útpűljende kâlde eagen.

Ja mar bęste man dat is tňch nyt earlik? Ik wurd lilk en praat fuortendaliks Snekers. Dat Feenhoofestival is hier tňch al mear as un halve eeuw? En Jou komme hier te woanen en beginne gelyk te soademiteren. Sette de saak letterlek en figuurlek op slot. Wie haalt ut nou in syn harsens om dwars teugen de wil fan de lokale befolking in te gaan. Dy minsen wille hier allemaal ut Feenhoopfestival houwe. Ut is un únike lokasy, un Friese tradisy en dy helpe Jou naar gichem. Jou doën as ňf ut Festival de hele somer duurt en dat ut hier één groat Sodom en Gomorra is. Trouwens Jou binne nyt earlek, Jou sture stikeme persberichten naar de Liwwarder. Jou sette hardwerkende bestuursleden en frijwilligers in un kwaad dachlicht. Jou sęge dat Jouw gasten hier om de rust komme, mar Jou binne self de groatste onruststoker. At Jou útbreiding fan Jouw jachthaven krije dan hewwe je inenen gyn beswaar mear teugen ut Festival. Dat is nyt écht prinsipieel nou?! Jou binne su glad as paling in un emmer met snňt. Sterker nňch Jou binne foar un paar lúzige euro’s om te kopen. Jou durve de diskussy nyt an, Jou binne de man fan gyn kommentaar. Jou late un skeet en fine ut dan freemd dat un ander in de stank sit. Wat is dat nou foar groate flauwekul om ut Feenhoopfestival ergens anders te organisearen. De Sneekweek wurdt tňch ok nyt in Kiel houden? Jou lústere nyt naar argumenten. Hé Groate Theodoar węr binne jou? Theodoooooooooooorrrr???

Ik skrik wekker fan de wekkerradio. It rauwe stimgelűd fan Bennie Jolink klinkt troch de sliepkeamer: DEURDONDEREN! Ik wriuw my yn de eagen en besef dat ik in akelige dream hân haw. Ja dochs???









Deurdonderen!!!