dagboek > overzicht
Dagboek april 2008Bekiek hele maand 
 
11 april om 17:49
  Feest

De AFUK geeft un seary boeken t onder de titel Dat wie doe sa . Nadat ik earder de boeken Skoalle en Beroppen kreech, brocht de pst mij fanmrren deel dry: FEEST. De boeken sien der stuk foar stuk prachtech moai t. Ok dit laast ferskynde deeltsje is der kwa lay-out en tekst ntsje om op te freten. Op de omslachfoto is un oranjekoek met Fries krmflagje te sien. In ut boek fraaie fotos en hele leesbare teksten. Ut mut foar de skrifsters Akky van der Veer & Baukje Wytsma un feest weze om dizze boeken te maken. Der is ok un spesjale website fan de seary: www.datwiedoesa.nl. Dr fine jim alle infrmasy over de seary. Ik hew ter illstrasy n fan de ferhalen fan dizze site ouhaald. Ut ferhaal is skreven deur frou L. Fokkema en staat in FEEST. Hierbij:

Ferkearing en trouwe

It is fan alle tiden, jonges en famkes dyt elkoar sykje en fereale wurde. Ek wol sein dyt verliefd binne. Dochs hat wol elke tiid syn gewoanten. Eartiids fregen de jonges de famkes en nea oarsom. Wol is der somtiden troch de lders in famke foar de soan tsocht en ek wol in jonge foar in famke. Dat barde net iepenlik mar troch de lders waard wat organisearre drt de jongelju fan de selde stn elkoar moeten. Dat barde faak by de adel, want sy soenen net nder de stn trouwe. By boerefamyljes waard der ek wol koppele. Dat waard net rjochtt sein, mar sa kwnskwiis sei heit dan: Fan e wike seach ik dy dochter fan boer Minnema, in kreas fanke en se wie sa freonlik, ik leau net dat se ferkearing hat. En wylst seach er syn soan oan. Dat Minnema flink wat kowertsjes hie sei er net, mar spile wol mei.
Hoewol t it sprekwurd seit dat men it bste hynder op e stal fynt, gienen de jongelju ek doedestiids op stap. Ynt earstoan net sa fier fuort want fytsen wienen der doedestiids net sa folle. Letter is dat wol feroare fansels. Earst sochten se yn it eigen doarp. Foaral sneintemiddeis wienen der kloften jongelju op e dyk. Yn Minnertsgea wie dat by Moaie Peal, yn Berltsum op e Bitgumerdyk. Yn Feankleaster op e Keningswei en yn Koatstertille kuieren se by de brge. Yn de Westerein wie it sneintejns drok op e Stasjonsstrjitte. En yn Burgum wie de Legewei it plak drt de jongelju op sneintemiddei elkoar opsochten. Yn Eastermar kuieren de jongelju by de brge.
As in jonge skruten wie om in famke rjochtstreeks te freegjen, skreau er in brief of in aansichtkaart. As it famke net op syn oansyk yn gie krige hy in fskriuwer. Nijjiersdei stjoerden de jonges en famkes elkoar printbriefkaarten. As de postsegel der skeef of op e kop opplakt wie, hie dat in betsjutting. Ek wie der wol de oanwizing z.o.p. (zie onder de postzegel), mei in boadskip: Ik denk aan jou mei in letter of de namme fan de jonge of famke. Dan wisten se wol hoe let oft it wie. Fierder troffen se elkoar op Keninginnefeesten (31 augustus), it Sindingsfeest yn Feankleaster, meetings fan jongfeinte- of fammeferienigings yn Ljouwert, tfieringen fan in muzykkorps yn in gebou, mar ek wol by in muzyktinte. Ek op e merke binne der in soad oan e faam of feint rekke. En dan de brulloften. t Is net foar neat dat it sprekwurd seit: fan brulloft komt brulloft. Om 1900 hinne gie it sa. Yn it skoft strpten de jongelju nei bten. Dan gienen se yn e Govert. Se makken in rne kring en sleepten in jonge dyt net al te dryst wie yn e kring. Hy moast yn it midden stean. Drnei begnen se allegear yn de rnte te dnsjen en songen dit lde ferske:

Hier hew wij de Govert van dezen dans.
Ik zeg je lieve Govert, steek uit je rechterhand.

De jonge moast in famke kieze en dy by him yn e kring helje. Dan gie it sjongen troch.

Is dat jou lieve Janneke, is dat jou hoogste goed?
Ik wensch dat gij het meisje, geen overspel andoet.
Kom geef haar dan een kusje, vlak voor haar rooden mond.
Den eenen moet gij kiezen, den anderen weer verliezen.
Al naar jou eigen zin, dou er t en ik er in.

Om 1945/1950 hinne wie der dit ferske:

Rosa, Rosa bloemen op je hoed.
Alle mooie meisjes zijn zo zoet.
Rosa wil je kiezen, kiezen jawel.

Dan moast de jonge in famke kieze en kaam it famke by de jonge yn de kring. Drnei dnsen se allegear wer yn de rnte en songen se it ferske noch ris.
Mei in ld gejoel waard der tute en wiksele fan jonge en famke. Dat gie in hiel skoft troch en soms wie it it begjin fan in ferkearing.





Sneek

Ut s miskyn wel aardech weze om op papier fast te lgen hoe't de frijerij en su in oans stad ging. Dat chte Snekers ut onder de Waterpoart don, is fanself groate flauwekul. Snekers don ut op ut Ouwe Fan Dagen Bankje in ut Wilhelminapark nou?! Mar hoe sat dat met dy heen en wear loperij over ut Oasterdyk? Binne dr Sneker babyboomers, f nch ouwere inwoaners, dy't dr over fertelle wille? En hoe ging dy feestfierderij hier in Sneek tidens de aprildagen fan 1945? S ik hier bst andacht an bestede wille. Wie syn ferhalen kwyt wil, mach se mij wel maile!